Joseph Wirth

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Joseph Wirth

Karl Joseph Wirth (Freiburg im Breisgau, 6 septimber 1879 - dêre, 3 jannewaris 1956) wie rykskanselier yn de tiid fan de Weimarrepublyk. Hy waard yn 1914 foar de katolike Zentrumspartei yn de Dútse Ryksdei keazen. Fan 1920 oant 1921 wie er ryksminister fan Finânsjen ûnder rykskanselier Konstantin Fehrenbach. Fan 1921 oant 1922 wie er rykskanselier en ek ryksminister fan Bûtenlânske Saken. Wirth hearde ta de meast loftse wjuk yn de regearing. Hy wie foar it folslein útfieren fan de bepalingen fan it Ferdrach fan Versailles, de saneamde Erfüllungspolitik.

Fan 1929 oant 1931 wie er ryksminister foar Besette Gebieten (dat wol sizze de fan de Alliearden besette Dútse gebieten, Ruhrgebiet en Rynlân) en teffens fan 1930 oant 1931 ryksminister fan Binnenlânske Saken.

Nei de machtsoername fan Hitler wykte Wirth út nei it bûtenlân. Nei de kapitulaasje fan 1945 kaam er werom yn Dútslân (Bûnsrepublyk Dútslân). Hy spile fannijs in rol yn de polityk en stribbe nei de ferieniging dan de Dútslannen en in nauwe gearwurking mei de Sovjet-Uny.