Joseph Mede

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Joseph Mede (Berden, 15861639) wie in Ingelsk gelearde dy't op ferskate fjilden betûft wie. Hy waard oplaad oan it Christ's College yn Cambridge, dêr't er yn 1613 meiwurker waard. Hy is hjoeddedei ferneamd as in Bibelgelearde. Hy wie ek in natuerkundige en Egyptelooch. Hy wie Hebrieïst en waard dosint Gryksk.

Wurk[bewurkje seksje | edit source]

Syn Clavis Apocalyptica[1] (Yn it Latyn 1627, Ingelske oersetting yn 1643,[2] Key of the Revelation Searched and Demonstrated[3]) wie in wurk mei in soad ynfloed op it útlizzen fan it bibelboek Iepenbieringen. It foarsei de ein fan de wrâld tsjin 1716: faaks al yn 1654.[4]

Christopher Hill tinkt dat Mede mei opset sin ôfseach fan publikaasje.[5] De ynterpretaasje fan it boek Danjel waard postúm útjûn,[6] en The Apostasy of Latter Times ek.[7] Oer it beseten wêzen fan demoanen wie er fan betinken dat dat as in foarm fan geastessykte beskôge wurde moast.[8] Syn samle wurk waard yn 1665 útbrocht.


Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Illustration of a timeline from the work
  2. Tekst hjir
  3. Hugh Trevor-Roper, Religion, the Reformation & Social Change (1956) says by the MP Richard More (p. 248); also CDNB, giving constituency Bishop's Castle, death in 1643.
  4. John Edward Christopher Hill, Milton and the English Revolution, s. 33.
  5. A Nation of Change and Novelty (1990), s. 54.
  6. Tekst hjir
  7. Tekst hjir
  8. Keith Thomas, Religion and the Decline of Magic (1971), s. 585; Mede, S. Iohn 10.20. He hath a Devill, and is mad, postúm publisearre; [1]