Joseph Addison

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Joseph Addison

Joseph Addison (Milston (Wiltshire), 1 maaie 1672Kensington, (Londen) 17 juny 1719) wie in Britske politikus en skriuwer, dy't meast te binnen brocht wurdt tegearre mei syn freon foar it libben, Richard Steele, mei wa't er it tydskrift The Spectator oprjochte.

The Spectator wie in blêd mei in soad ynfloed, dat neifolging fûn yn oare lannen (yn Nederlân waard Justus fan Effen der tige troch beynfloede). De skriuwers behannelen estetyk, literêre stilen en it stedslibben. Populêr waarden ek syn mei Steele skreaune Sir Roger de Coverley papers, dat op in skerpe en fermaaklike wize it libben fan in lânedelman en syn besites oan Londen beskriuwt.

Yn 1717 waard Addison, dy't ûnder mear sûnt 1708 lid fan it Legerhûs wie en en tal fan bestjoersfunksjes hie, as Secretary of State beneamd.

Syn toanielstik 'Cato' is troch Pieter Langendijk yn'e mande mei Hermanus Angelkot yn it Nederlânsk oerset.

Addison waard begroeven yn Westminster Abbey.


Publikaasjes[bewurkje seksje | edit source]

  • The christian poet (1728)
  • Cato (1713)
  • The drummer or the haunted-house (1716)
  • The resurrection (1718)

Literatuer[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]