Jos Punt
Jozef Marianus (Jos) Punt (Alkmar, 10 jannewaris 1946) is in Nederlânsk roomsk-katolyk geastlike. Hy wie fan 1995 oant 2001 helpbiskop yn it bisdom Haarlim en dêrnei biskop fan bisdom Haarlim-Amsterdam. Op 1 juny 2020 gyng biskop Punt mei emiraat. Jan Hendriks folge him op as biskop fan Haarlim.[1]
Libbensrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Punt ûntfong syn prysterwijing op 9 juny 1979. Hy waard 1 april 1995 ta helpbiskop fan Haarlim beneamd en titulêr biskop fan Nasai. 1 july 1995 waard er ta biskop wijd troch Hendrik Joseph Alois Bomers, biskop fan Haarlim, mei Adrianus Johannes Simonis, aartsbiskop fan Utert, en Franciscus Jozef Maria Wiertz, biskop fan Roermond, as ko-konsekrators. Ek is er sûnt 1995 administrator fan it Nederlânsk Militêr Ordinariaat.
Op 21 july 2001 waard hy ta biskop fan Haarlim beneamd, dat sûnt 7 oktober 2008 de namme Haarlim-Amsterdam krige. Op 1 juny 2020 folge Jan Hendriks Punt op.
Konsekrator
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hy wie ko-konsekrator fan:
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|