Jorrit Bergsma

Ut Wikipedy
Dizze side moat noch by de tiid brocht wurde.
Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen



Jorrit Bergsma
sporter
Jorrit Bergsma 2013
Jorrit Bergsma 2013
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 1 febrewaris 1986
berteplak Aldeboarn
lingte 1,90 m
sportive ynformaasje
sport reedriden
ûnderdiel Langebaan, Maratonriden
trener Jillert Anema
O.S. Sotsjy 2014
debút 2004
ekstra Woe ea Kazak wurde om oan de Olympyske Winterspullen yn Vancouver meidwaan te kinnen

Jacob Jorrit Bergsma (Aldeboarn,1 febrewaris 1986) is langebaanrider en maratonrider. Treent yn 2012 ûnder Jillert Anema fan de BAM-ploech.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Soan fan Anne en Japke Bergsma. Jorrit Bergsma rydt yn it seizoen 2010-2011 foar it BAM team. Op 10 oktober 2009 wûn Bergsma de earste wedstriid om de DSB Bank Cup[1]. Yn it seizoen 2009-2010 besocht er him foar Kazakstan te pleatsen foar de Olympyske Spullen. By it nasjonale kampioenskip yn it Russyske Tsjeljabinsk wûn Bergsma de 5000 meter yn 6.28,21 minuten, inkele hûndertsten hurder as in pear wike dêrfoar. Bergsma hie him dêrmei pleatst foar de wrâldbekerwedstriden in Berlyn. De ISU liet de Nederlânske Kazakken net starte en Bergsma besleat letter om it Kazakse aventoer net troch te setten[2]. Letter dat seizoen wûn Bergsma yn Eastenryk de Alternative Alvestêdetocht[3].

Op 10 febrewaris 2010 wûn Bergsma it Nederlânske kampioenskippen maratonriden op natueriis yn Súdlaren, troch yn in sprint meiflechter Douwe de Vries te ferslaan. Yn 2012 wurdt er wer Nederlânsk Kampioen op natueriis yn Emmen.

Tidens de Olympyske Winterspullen 2014 yn Sotsjy wint Bergsma de tsien kilometer.

Persoanlike records[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ofstân Tiid Datum Baan
500 38,25 27 desimber 2014 Thialf Hearrenfean
1000 1.14,30 21 desimber 2014 Thialf Hearrenfean
1500 1.47,08 2 novimber 2013 Calgary
3000 3.39,79 14 maart 2013 Thialf Hearrenfean
5000 6.06,93 10 novimber 2013 Calgary
10000 12.37,72 28 desimber 2020 Thialf Hearrenfean

Resultaten Maraton[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

2010-2011

2011-2012

  • Nederlânske kampioenskippen maratonriden op natueriis

2012-2013

  • Iepen Nederlânske kampioenskippen maratonriden op natueriis (Weissensee)

Resultaten Langebaan[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

jier NK
Ofstannen
WK
Ofstannen
Olympyske
Spullen
2010 Goud 5 km flagge fan Kazachstan Kazaks kampioenskip
2011 Brûns 5 km flagge fan Nederlân Nederlânsk kampioenskip
2012 Goud 5 km
Sulver 10 km
Sulver 10 km
2013 Brûns 5 km
Goud 10 km
Sulver 5 km
Goud 10 km
2014 Sulver 5 km
Sulver 10 km
Brûns 5 km
Goud 10 km

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. "Kazach Jorrit Bergsma wint in Alkmaar eerste schaatsmarathon" BN De Stem, 12 oktober 2009
  2. "Marathonschaatsers toch geen Kazachen" Nieuws.nl, 3 jannewaris 2010
  3. "Bergsma wint Alt. Elfstedentocht" De Telegraaf, 30 jannewaris 2010