Joris in 't Veld

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Joris in 't Veld (Dubbeldam, 5 july 1885 - De Haach, 15 febrewaris 1981) wie in mearsidich sosjaaldemokratysk politikus (û.o. minister), heechlearaar yn Leien, rektor magnifikus fan de Frije Universiteit yn Amsterdam, lid fan de Ried fan Steate, bestjoerder en ien fan de grûnlizzers fan bestjoerswittenskippen yn Nederlân.

Yn 1937 folge hy Kornelis ter Laan op as boargemaster fan Saandam en waard yn dat jier lid fan de Earste Keamer foar de SDAP. As Partij fan de Arbeid -minister fan Weropbou en Folkshûsfesting yn de kabinetten-Beel I en -Drees I en -Drees II brocht hy ûnder mear de Wederopbouwet ta stân.

Hy hearde fuort nei de oarlochsjierren ta de oprjochters fan Humanitas en it Humanistysk Ferbûn. Hy wie foarsitter fan Humanitas en siet yn it haadbestjoer fan it Humanistysk Ferbûn en wie sadwaande fan grutte betsjutting foar uit humanistyske folksdiel. Op It Hearrenfean is in humanistysk wenkompleks nei him neamd. It stiet oan de P.J. Troelstrawei.

Publikaasjes[bewurkje seksje | edit source]

In 't Veld skreau ferskate artikels en tsientallen boeken, wêrûnder:

  • 1929, Nieuwe vormen van decentralisatie
  • 1932-34, De inrichting van onzen staat gezien van sociaaldemocratisch standpunt. Amsterdam.
  • 1936, Nog steeds: naast de rode de blauwe vaan. Utrecht
  • 1938, Bestuursinrichting van de Wieringermeer Alphen aan den Rijn
  • 1945, Economische en sociale ordening. Amsterdam
  • 1950, De betekenis der gemeente voor de toekomst van West-Europa. Heemstede
  • 1953, Krotopruiming en vernieuwing van bebouwde kernen. De Haach.
  • 1962, Inleiding tot de bestuurswetenschap ism H.A. Brasz en A. Kleijn.
  • 1968, Essays in administration. De Haach.
  • 1970, Vooruitziende bestuurswetenschap. Een futurologische verkenning. De Haach
  • 1972, Ons staatsbestuur in een stroomversnelling, De Haach.
  • 1979, Beginselen van behoorlijk bestuur, Zwolle.
  • 1980, Planning als maatschappelijke vormgeving, J. in 't Veld (red.). Dimter: Van Loghum Slaterus.

Literatuer[bewurkje seksje | edit source]

  • A.A. de Jonge - Veld, Joris in 't (1895-1981), in: Biografisch Woordenboek van Nederland, deel IV, 512
  • Dick Hillenius - Prof.mr. Joris in 't Veld (1895-1981). Een knappe, saaie socialist, yn: De Nederlandse Gemeente 35 (1981).
  • W.F. van Zant - In bescheiden mate: liber amicorum Mr J. in 't Veld, Nysingh Bitter & De Vries Robbé advocaten. (1994),

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]