Joop Boomsma

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Joop Boomsma ( Rottefalle, 4 augustus 1945 - Gouderak) is in Fryske skriuwer. Hy is de âldste soan fan Wytske en Siebe Boomsma. Op syn 4e ferhuze er nei Surhústerfean. Nei de legere skoalle gie er nei de Feanster ULO. Sawol op de ULO as letter op de kweekskoalle yn Drachten publisearre Boomsma syn fersen en ferhalen yn de skoalkrante. Ek skreau er yn dy tiid wolris wat foar de pleatslike krante, De Feanster.

Nei de kweekskoalle kaam Boomsma in 1968 foar de klasse te stean. Earst op de legere skoalle yn Gouderak, letter oan de mafû yn Gouda. Yn 1975 gie Boomsma werom nei Fryslân, dêr't er les joech op de mafû Nylân yn Ljouwert. Op 31 oktober 2006 stoppe hy mei lesjaan.

Boomsma is benammen bekend fan syn misdiedromans en ferhalen. Dêrnjonken hat er bydragen levere oan in grut ferskaat tydskriften en kranten en hat in fjouwertal toanielstikken foar de jongerein skreaun. Boomsma hat in sit hân yn de redaksje fan Operaesje Fers. Hy wie de earste Fryske skriuwer mei in webloch (Skriuwersdeiboek 2001). Op syn webside http://www.joopboomsma.nl publisearret er geregeld nij wurk, sawol proaza as poëzy.

Yn 1970, 1971 en 1973 waard oan wurken fan Boomsma de Rely Jorritsmapriis takend.

Fan 1994 oant 1996 makke hy diel út fan de sjuery fan de Rely Jorritsmapriis en earder, yn 1979, hie hy in sit yn de sjuery fan de Gysbert Japicxpriis.

Syn meast bekende wurk [bewurkje seksje]

  • Frysk om utens (1969)
  • Multipleks (1970)
  • Ierlitte (1972)
  • Dunnik en oar proasa (1974)
  • Ien foar de wraak - misdiedroman, (1988).
  • Kwea jild - misdiedroman, (1989).
  • Picasso, lêste wurk - misdiedferhalen, (1992).
  • In frou mei ljochtblauwe eagen - misdiednovelle, boekewikegeskink, (1994).
  • Yn reek ferflein - misdiedroman, (1998).
  • Skriuwersdeiboek 2001 - ynternetdeiboek, (2002).
  • Om fan dit lân te hâlden - briefwiksel, (2006).

Keppeling om utens [bewurkje seksje]