Joop Bakker

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Johannes Age (Joop) Bakker (Boalsert, 27 maaie 1921Wassenaar, 6 oktober 2003) wie in politikus foar de ARP. Hy wie boargemaster en letter minister en ficepremier.

Bakker folge de de HBS-A, en studearre dêrnei ekonomy oan de Nederlânske ekonomyske Hegeskoalle yn Rotterdam. Fan 1949 oant 1955 wie hy firmant fan J.A. Bakker & Soan.

Syn politike karrière begûn yn 1946, doe't hy wethâlder waaard fan Boalsert. Yn 1955 waard Bakker boargemaster fan Andijk. Fan 1959 oant 1963 wie Bakker boargemaster fan Hoogeveen. Hy krige yn dy funksje yn 1963 te krijen mei de boerereboelje yn Hollandscheveld. Bakker pleitte der mei súksess foar de A28 lâns Hoogeveen rinne te litten. Ek sette hy him yn foar de komst fan in skouboarch.

Op foarspraak fan syn âlde stúdzjefreon Jelle Zijlstra waard Bakker yn 1963 steatssiktaris fan Ekonomyske Saken yn it kabinet-Marijnen. Hy hold dizze funksje yn it kabinet-Cals. Fan 1966 oant 1967 wie Bakker minister fan Ekonomyske Saken yn it kabinet-Zijlstra. Hy sluet yn jannewaris 1967 in oerienkomst mei oaljemaatskippijen oer it opspoaren fan oalje yn it Nederlânske diel fan de Noardsee. Fan 1967 oant july 1971 wie hy minister fan Ferkear en wettersteat yn it kabinet-De Jong. Hy wie teffens fisepremier, belêste meo de koördinaasje fan de oangelegenheden betreffende Suriname en de Nederlânske Antillen. As minister fan Ferkear en Wettersteat soarge Bakker foar de earste wetjouwing tsjin wetterfersmoarging.

Na syn ministerskip siet hy oant begjin 1972 foar de ARP yn de Twadde Keamer. Dêrnei ferfolde hy tal fan bestjoersfunksjes by it bedriuwslibben. Fan 1972 oant 1984 wie Bakker foarsitter fan de rie fan bestjoer fan Ago Ferzekeringen (fan 1983 ôf bekend as Aegon).

Hy ferstoar yn de gemeente Wassenaar, en waard op 8 oktober 2003 begroeven yn Heech.