Jongbloed
Ut Wikipedy
Jongbloed (Jongbloed Uitgeversgroep BV) is in printerij op It Hearrenfean, spesjalisearre yn it printsjen fan bibels en lieteboeken. Jongbloed BF hat him foaral talein op it drukken op tige tin papier, lykas 24 grams. Dêrmei hawwe boeken fan likernôch 2.200 siden in dikte fan twa sm. Sa kinne tsjokke boeken, lykas de bibel, tin bliuwe en binne se maklik mei te nimmen.
Jongbloed BF is fuortkommen út de printerij fan Auke Jongbloed yn Ljouwert. Dy begûn healwei de 19e ieu mei it printsjen fan bibels en lieteboeken. Begjin 20e ieu waard Jongbloed in NF.
Njoggetich prosint fan de bibels dy't by Jongbloed printe wurde binne foar de eksport. Yn hast alle lannen dêr't bibels yn omrin binne fynt men bibels fan Jongbloed.