Jong Famme Partij

Ut Wikipedy
Jong Famme Partij
plak en tiid
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Ljouwert
plak Mantgum
holden yn sportfjild
tiid fan it jier ein juny / begjin july
bysûnderheden
soarte evenemint sport (keatsen)
bestean 2004 – no
org. troch KNKB
offisjele webside
gjint

De Jong Famme Partij is in keatswedstryd foar famkes en froulju fan 17 oant 21 jier (junioaren). Dizze partij wurdt elts jier op 'e lêste sneon fan juny of de earste sneon fan july holden yn it Fryske doarp Mantgum. It is in saneamde ôfdielingswedstryd, wat betsjut dat alle by de KNKB oansletten keatsferienings it rjocht hawwe om ien of mear partoeren foar de Jong Famme Partij yn te skriuwen. De wedstryd waard yn 2004 foar de earste kear ferkeatst op inisjatyf fan de Keatsferiening Jacob Klaver fan Mantgum. De organisaasje is yn 'e hannen fan 'e KNKB. Yn 2020 fûn de Jong Famme Partij fanwegen de pandemy fan it koroanfirus plak yn augustus.

De Jong Famme Partij heart mei de Ald-Meiers Partij yn Hitsum, de Frouljus-PC yn Weidum en it NK Dames fan it KNKB ta de wedstriden dy't meitelle foar de 'Fjouwer Wimpels' fan it frouljuskeatsen.

Winnerslist[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Beskermfrou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oant har dea yn 2008 wie politika Anita Andriesen beskermfrou fan'e partij. Sûnt 2016 is Manon Scheepstra, dy't de partij al fiif kear wûn, de nije beskermfrou.[6]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. De Jong-Fammepartij zit Scheepstra als een maatpak, yn Frysk Deiblêd, 30 juny 2014, s. 34
  2. Tactisch sterk Groningen wint Jong Famme Partij, yn: van Wad tot Stad, 3 july 2018, s. 23.
  3. Groningen overtuigt op Jong Famme Partij in Mantgum, yn: van Wad tot Stad, 2 july 2019, s. 25.
  4. Groningen wint weer Jong Fammepartij, yn: de Frjentsjerter Krante, 12 augustus 2020, s. 17.
  5. Mantgum wint in eigen huis Jong Famme Partij juniores, yn: de van Wad tot Stad, 6 july 2021, s. 33.
  6. Manon Scheepstra ongekroonde koningin van de Jong Fammepartij, Kaatsnieuws.com, 28 jun 2019

  • Vijftiende Jong Famme Partij op 30 juni in Mantgum, yn: Op 'e Skille, 27 juny 2018, s. 3.