Jom Kipoer

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Jom Kipoer (1878)

Jom Kipoer is ien fan de wichtichste feestdagen fan it Joadske leauwen.

Yn Levitikus 16 wurde de regels jûn foar Jom Kipoer, it wurdt ek wol de grutte fersoendei neamd. It is de ienichste dei dat in Minsk, it hillige fan it hillige binnengean mei om bloed op de kappórèt te sprinkeljen. Dit mei allinnich de hegepryster dwaan.

Nei it fernielen fan de timpel yn 70 nei Kristus koe it foarskreaune ritueel net mear syn beslach krije. Mar dôchs wurdt dizze dei noch altyd fierd. It is dei fan net ite, fan ynkear en omkear. Jom Kipoer falt op de tsiende dei nei Rosj Hasjana, de nijjiersdei. De tsien dagen foar Jom Kipoer binne dagen fan ynkear, op dizze dagen tinkt men nei oer eventuele rûzjes en oft men der sels mei skuld oan hat. Foar fersoening is berou en ynkear nedich. Op Jom Kipoer mei nimmen wat ite, útsein de minsken dy’t siik binne en de bern. Men wasket en salvet harren net op dizze dei. De minsken hawwe wite klean oan, se drage gjin jewielen en se meie gjin learen skuon drage. De manlju drage by de tsjinst in gebedsmantel en faak in deakleed. De synagoge bliuwt dei en nacht iepen, en der binne guon minsken dy’t dan 24 oeren yn de synagoge bliuwe.

Jom Kipoer begjint mei it gebed kol nidree. De folgjende dei wurdt Levitikus 16 en 18, Numery 29, Jesaja 57 en 58 en Jona lêzen. En kear op kear wurdt bidden om ferjouwing foar alle minne dieden dy’t men dien hat. By dizze gebeden slacht men him op 'e boarst. Under it bidden gean de minsken twa kear op de knibbels. Op Jom Kipoer wurdt ek in preek hâlden. Dit bart oars net faak. Oan 'e ein fan de dei klinkt noch in eingebed, mei op 'e ein sân kear de oprop fan it folk by Elia op de Karmel: ‘de Heare, hy is God’. Dan klinkt noch it sjofar. Direkt dy jûn wurdt der al wer begûn mei it folgjende Joadske feest: It leafhuttenfeest.

Foardat Jom Kipoer begjint stekt men in kearse oan dy’t langer as 25 oeren brânt. It ljocht giet dizze dei net út. Troch dizze kears ferjit men net dat it Jom Kipoer is. Oan 'e ein fan de dei wurdt der havdala makke. Der wurdt ôfskied naam fan de dei en in skieding makke tusken de hillige tiid en de folgjende dei. Yn guon lannen is it de gewoante om op Jom Kipoer ljochtsjes te brânen om de foarâlden te betinken.