F-35 Lightning II

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "Joint Strike Fighter")
Gean nei: navigaasje, sykje
F-35 Lightning II

F-35 Lightning II

Fabrikant Lockheed Martin
Northrop Grumman
BAE Systems
Earste flecht 15 desimber 2006
Ferneamd nei Lockheed P-38 Lightning

De Lockheed Martin F-35 Lightning II is in fjochtfleanmasine dy't fuortkaam út it Joint Strike Fighter-program (JSF). It is de trochûntwikkele ferzje fan de X-35, dy't yn de JSF-kompetysje har konkurrint, de X-32 fan Boeing, fersloech. De Feriene Steaten fan Amearika hat yn de jierren '90 mei it JSF-projekt útein set. It projekt wurdt sûnt 2001 yn 'e mande mei oare lannen útfierd.

It is ûntwikkele en boud troch in loftfeart yndustry team mei as grutste fabrikant Lockheed Martin en mei har grutte partners BAE Systems en Northrop Grumman. In demonstraasjemasine fleach yn 2000, en in produksjemodel hat syn earste flecht op 15 desimber 2006 makke.

Farianten[bewurkje seksje | edit source]

Der sille trije farianten fan de F-35 produsearre wurde:

  • In standertútfiering (F-35A)
  • In fariant dy't fertikaal lânje kin (F-35B)
  • In fariant dy't brûkt wurdt op grutte Amearikaanske fleandekskippen (F-35C).

Kriichsark[bewurkje seksje | edit source]

De F-35 sil in grut ferskaat oan wapens brûke kinne. It fleantúch hat in ynterne wapenopslach dêr't de wapens út wei lansearre wurde, sadat de stealth-technyk net bot hindere wurde kin troch tefolle objekten dy't oan 'e bûtenkant fan it fleantúch fêstmakke binne. Yntern hat it fleantúch fjouwer ophingpunten. De binnenste twa binne allinne gaadlik foar loft-loftraketten om't dy fan de ophingpunten ôf net hielendal fertikaal nei ûnder falle. De romte by de ophingpunten is makke foar de AIM-120 AMRAAM, mar kin wierskynlik ek de MBDA Meteor drage. De oare twa ynterne ophingpunten binne gaadlik foar loft-loftraketten en bommen.

Oan 'e bûtenkant hat de F-35 sân ophingpunten. De middelste, midden ûnder de romp is allinne gaadlik foar in boardkanon dy't by de B- en C-ferzje ûntbrekt. De bûtenste twa ophingpunten ûnder de wjukken binne allinne gaadlik foar loft-loftraketten en hawwe in limyt fan 135 kg. Dêrtroch binne op dy punten allinne lichtere raketten foar de koarte ôfstân mooglik. De oare fjouwer ophingpunten binne ek gaadlik foar bommen en loft-grûnraketten. De binnenste twa ophingpunten hawwe brânstofliedingen sadat der pylontanks oan fêstmakke wurde kinne.

Om de wapens te lieden hat de F-35 ferskillende sensors. Yn 't foarste plak hat it tastel in AN/APG-81-radar ta syn foldwaan, in AESA-radar dy't in fierdere ûntwikkeling is fan de AN/APG-77 sa't dy yn de F-22 Raptor brûkt wurdt. Beide radars wurde makke troch Northrop Grumman. Fierder hat it tastel in elektro-optyske (ynfraread) doelsiker ûnder de noas om doelen op de grûn te finen. Troch sawat it hiele tastel hinne binne sensors foar it AN/AAS-37 warskôgingssysteem ynboud. Dy elektro-optyske sensors reagearje op ynkommende raketten.