John Schneider

Ut Wikipedy
John Schneider
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme John Richard Schneider III
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 8 april 1960
berteplak Mount Kisco (New York)
etnisiteit Dútsk
Frânsk
Iersk
Ingelsk
jierren aktyf 1977 – no
offisjele webside
www.johnschneider.tv

John Schneider (folút: John Richard Schneider III; Mount Kisco (New York), 8 april 1960), is in Amerikaansk akteur, senarioskriuwer, filmprodusint en sjonger fan mingd Dútsk-Ingelsk-Iersk-Frânsk etnysk komôf. Hy is it bekendst wurden as akteur, mei syn haadrol yn 'e Amerikaanske tillefyzjesearje The Dukes of Hazzard, en mei syn byrol yn 'e rige Smallville. Dêrnjonken hat er in net ûnfertsjinstlike karriêre opboud as countrysjonger, wêrby't er fjouwer kear in nûmer 1-hit skoarde.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

John Schneider waard yn 1960 berne yn Mount Kisco, yn 'e steat New York. As bern wied er sljocht nei gûcheljen en gûcheltrúks; hy fersoarge syn earste optreden op dat mêd foar freonen en famylje doe't er acht jier wie. Net folle letter liet er him fêstbûn yn in swimbad smite, om Harry Houdini syn ferneamde ûntsnappingsact te rekreëarjen (wat net slagge en wat him thús grutte swierrichheden besoarge doe't syn âldelju derefter kamen). Op syn fjirtjinde ferfear er mei syn mem nei Georgia, dêr't er yn 1977 yn North Springs syn diploma foar de middelbere skoalle helle.

Neitiid sette Schneider útein mei in karriêre as akteur, en hied er û.m. in lyts roltsje yn 'e aksjekomeedzje Smokey and the Bandit. Yn 1979 briek er troch mei de populêre tillefyzjerige The Dukes of Hazzard, dy't rûn fan 1979 oant 1985. Schneider spile yn dy searje de rol fan 'e blûne Bo Duke, dy't mei syn dûnkerhierrige neef Luke Duke (spile troch Tom Wopat) de korrupte county-kommissaris Boss Hogg en de net oersnoade sheriff Roscoe P. Coltrane altyd te fluch ôf wie. Dat nivo fan populariteit helle Schneider nea wer. Neitiid spile er jierrenlang lytse roltsjes en gastroltsjes yn searjes as Dr. Quinn, Medicine Woman, Diagnosis: Murder, JAG, Walker, Texas Ranger en Veronica's Closet. Fan 2001 oant 2006 hied er wer in grutte rol, yn 'e rige Smallville (in adaptaasje fan Superman), as de pleechheit fan Clark Kent.

JohnSchneider ûnder in optreden yn 2008.

Sûnt 2006 hied er fierders û.m. in fêste rol as pornoprodusint yn 'e searje Nip/Tuck, en gastrollen yn Desperate Housewives, CSI: Crime Scene Investigation en Happily Divorced. Njonken syn tillefyzjewurk spile Schneider ek yn in grut ta B-films, en fierders hat er wurksum west as musicalakteur, wêrby't er rollen fertolke yn grutte Broadway-musicals as Chicago en Oklahoma!

Los fan syn aktearkarriêre is Schneider ek al sûnt de jierren tachtich aktyf as countrysjonger, wêrby't er yn 't earstoan fuortborduere op syn súkses as Bo Duke yn The Dukes of Hazzard. Hy hat ûnderwilens trettjin albums útbrocht, wêrfan't A Memory Like You yn 'e Feriene Steaten it earste plak op 'e country-albumlisten helle. Fjouwer fan syn nûmers wiene sawol yn 'e Feriene Steaten as yn Kanada nûmer 1-hits op 'e countryhitlisten: I've Been Around Enough to Know (1984; in remake fan Elvis Presley syn hit), Country Girls (1985), What's a Memory Like You (Doing in a Love Like This?) (1985) en You're the Last Thing I Needed Tonight (1986). Oare grutte hits fan him wiene It's Now or Never, At the Sound of the Tone en Love, You Ain't Seen the Last of Me.

Op it persoanlike flak is Schneider in born-again-kristen wurden ûnder ynfloed fan Johnny Cash en dy syn frou June Carter Cash, by wa't er in hoartsje ynwenne hat. Sûnt 2008 is er teffens aktyf as bisterjochte-aktivist, nei't er it boek Thanking the Monkey: Rethinking the Way We Treat Animals, fan publisiste Karen Dawn lêzen hie. Schneider wie fan 1983 oant 1986 troud mei de eardere Miss America Tawny Little, en wertroude op 11 july 1993 mei syn hjoeddeistige frou Elly Castle, mei wa't er trije bern hat: syn biologyske dochter Karis (1996), en de beide bern út Castle har eardere houlik, har dochter Leah en har soan Chasen.

Diskografy (albums)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

John Schneider yn 2010.
  • 1981 – Now or Never
  • 1981 – White Christmas
  • 1982 – Quiet Man
  • 1983 – If You Believe
  • 1984 – Too Good to Stop Now
  • 1985 – Tryin' to Outrun the Wind
  • 1985 – A Memory Like You
  • 1986 – Take the Long Way Home
  • 1987 – You Ain't Seen the Last of Me
  • 1987 – Greatest Hits
  • 1996 – Worth the Wait
  • 2009 – John's Acoustic Christmas
  • 2010 – The Promise

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.