John Harvard

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje


Wiki letter w.svg
Dit artikel is in stobbe oer religy.
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta.


John Harvard byld by Universiteit fan Harvard.

John Harvard (* 26 novimber 1607 yn Londen yn de Borough fan Southwark; † 14 septimber 1638 yn Charlestown, Massachusetts) wie in teolooch, dy't yn Ingelân opwoeks.

Yn 1632 studearre er ôf oan de universiteit fan Cambridge oan it Emmanuel College. Yn 1637 emigrearre er mei syn frou nei Nij-Ingelân, dêr't er him yn Charlestown yn Massachusetts festige. Dêr waard er oansteld as learaar yn de tsjerke. Hy stoar lykwols it oare jier oan tuberkuloaze.

Om't er sûnder bern stoar, liet er de helte fan syn fermogen, te witten 780 pûn, en syn bibleteek, dy't 320 bânnen grut wie nei oan it yn de buordoarp Cambridge lizzende kolleezje, dat yn 1636 troch syn freon Nathaniel Eaton stifte woarn wie. Oan syn neitins hâldde dizze ûnderwiisynstelling de namme fan syn bejeftiger: de Universiteit fan Harvard. Sadwaande waard ek it fûnemint lein fan it lettere Hegeskoallenwêsen yn de Feriene Steaten.