Johannes van den Bosch

Ut Wikipedy
Johannes van den Bosch
Protestantske tsjerke fan Feanhuzen boud yn 1825/1826 en wêrfan de earste stien lein waard troch Rudolphina van den Bosch-Sturler, de twadde frou fan Johannes van den Bosch

Johannes greve fan den Bosch (Herwijnen, 2 febrewaris 1780 - De Haach, 28 jannewaris 1844) wie in Nederlânsk legeroffisier en politikus yn de earste helte fan de 19e iuw.

Libbensrin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Van den Bosch, soan fan de sjirurgyn en eigener fan in stienfabryk Johannes van den Bosch en Adriana Poningh, kaam op 17-jierrige leeftiid yn tsjinst fan de Bataafske Republyk as luitenant fan de sjeny. Hy gie as militêr nei Ynje, berikte de rang fan kolonel en waard, 28 jier âld, wegens in konflikt mei gûverneur-generaal H.W. Daendels earfol ûntslein. Op de weromreis nei de Nederlannen waard syn skip troch de Ingelsken oermastere en waard hy yn kriichfinzenskip setten, wêrút hy yn 1813 frijlitten waard. Werom yn Nederlân slút er him oan by de Werstelpartij en die mei oan de besetting fan it troch de Frânsken ferlitten Utert. De winter dêrop die er mei oan de omsingeling fan it noch troch de Frânsken besette Naarden.

Yn 1818 wie hy de inisjatyfnimmer fan de Maatskippij fan Woldiedichheid. Hy waard op eigen fersyk foar de tsjinst op non-aktyf setten om him hielendal ta te lizzen op syn ideaal: earme stedslju as lânbouwer in bestean te jaan op grûn yn Oerisel en Drinte.

Trije jier letter naam hy tsjinst as administrateur fan de milysje en skutterij. Hy waard yn 1827 troch Kening Willem I beneamd ta Kommissaris-Generaal foar West-Ynje mei de opdracht it bestjoer te werfoarmjen en it lân ta wolfeart te bringen. Befoardering yn de rang fan luitenant-generaal folge.

Van den Bosch wie gûverneur-generaal fan Nederlânsk-Ynje (18301834) dêr't syn grutste súkses it ynfieren fan it Kultuerstelsel op Java wie. Hy fierde de Padri-oarloch op Sumatra om in ein oan de opstân te meitsjen, mar dat mislearre.

Nei syn weromkomen yn Nederlên waard hy, as fertrouweling fan Willem I, op 30 maaie 1834 beneamd ta minister fan koloanjen. Kening Willem I ferhefte Van den Bosch yn 1835 yn de adelstân mei de erflike titel fan baron.
Op 20 desimber 1839 waard Van den Bosch minister-ôf neidat de Twadde Keamer syn wetsfoarstel inzake de ôflossing fan in foarskot by de Nederlandsche Handel-Maatschappij op de ferkeap fan Yndyske produkten fersmiten hie. Al fregen de leden van de Steaten-Generaal, opposysje én regearingsoanhing, him op syn ûntslachoanfraach werom te kommen. Nettsjinsteande dat twingende fersyk wegere hy. Kening Willem I beneamde him dêrnei op 25 desimber 1839 ta minister fan Steat en ferhefte him ta greve.

Nei syn ministerskip wijde hy him oan sosjaal wurk; hy waard yn 1842 lid fan de Twadde Keamer en bleau dat oant syn ferstjerren, twa jier letter.

Van den Bosch hat twaris troud west. Op 2 septimber 1804 boaske hy Catharina Lucretia de Sandol Roy, mei wa't er fjouwer dochters en trije soannen krige. Nei har ferstjerren op 10 febrewaris yn 1814 wertroude hy op 28 oktober 1823 mei Rudolphina Wilhelmina Elizabeth de Sturler, mei wa't er ien soan krige.

Titels[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: