Johannes Vegter

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Johannes Jacobus Margarethus Vegter, ( Sappemeer, 16 augustus 1908 - Gorssel, 7 augustus 1982 ), wie in Nederlânsk arsjitekt.

Groeide op yn De Haach, studearre boukunde yn Delft, fêstige him yn 1935 in Ljouwert oan de Harnzerstrjitwei 26. Was fan 1936 - 1958 learaar oan de MTS/HTS, sûnt 1 maaie 1958 - 1975 ryksbouwmaster. Boude ûnder oare it provinsjehûs yn Arnhim, it nije stêdhûs en de studintesoasjeteit yn Grins, de gerjochtsgebouwen yn Hilfertsom en Wageningen, de wettertuorren yn Dokkum en Drachten. Yn Ljouwert û.o. de Kuriostsjerke, it gebou fan de Wetterlieding oan it Saailân, de Ryks Pedagogyske Akademy, wenten oan de Heliconwei, de Ingelumerstrjitte, de Harnzerstrjitwei. Dêrneist restaurearre Vegter stedhuzen en tsjerken, wêrûnder dy fan Jannum, Aldeboarn, Westergeast, Dokkum Jorwert en Frjentsjer. Vegter syn arsjitekteburo makke ek stêdeboukundige útwreidingsplannen foar gemeenten. Yn 1976 gie soan yr. Chris Vegter in maatskip oan mei syn heit.

Wurk (kar út) [bewurkje seksje]

Jier Bouwurk Plak Ofbyld
1944 Restauraasje tsjerke Jannum Jannum tsjerke.jpg
1943 Brânwarkazerne Rhenen
1952 Moalfabryk Latenstein Rotterdam Rotterdam rijnhaven meelfabriek.jpg
1954 Studinte Sosjeteit Mutua Fides Grins MF Voorzijde links.png
1954 Provinsjehûs Arnhim 2009-11 Arnhem HdP.JPG
1955 Slaakhuys Rotterdam Rotterdam slaakhuis.jpg
1958 Wettertoer Dokkum Watertoren Dokkum 10w.JPG
1959 Wettertoer Drachten Watertoren Drachten 12w.JPG
1959 Fakânsjehûs Gorssel
1960 Ichtustsjerke Snits
1962 Nije Stedhûs Grins
1964 Kantongerjocht Wageningen
1964 Haadkantoar wetterleidingbedriuw IWGL Ljouwert
1967 Europalaantsjerke It Hearrenfean Europalaankerk 01.JPG
1967 Kantongerjocht Hilfertsom
1975 Ministearjegebou fan Financiën Den Haach

Boarnen, noaten en referinsjes [bewurkje seksje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: