Johannes Stinstra

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Johannes Stinstra (Harns, 10 augustus 1708 - 8 jannewaris 1790) wie in dopersk teolooch en learaar.

Studearre tusken tusken 1726 en ± 1733 yn Universiteit fan Frjentsjer teology, filosfy en easterske letteren. Werom yn Harns wijde er him oan de wittenskip. Neidat de tsjerkerie him frege foar in tal preken waard er yn 1735 dûmny. Stinstra tsjinne de tsjerklike gemeente Harns fyftich jier. Hy betanke - like beskieden as geleard - foar beroppen nei Amsterdam en Haarlim en foar in learstoel oan de mennisteseminaarje yn Amsterdam. Syn liberale begjinsel blykt net allinnich út De Nature en Gesteldheid van Christus Koninkrijk (1741), Vier en twintig leerredenen (1746) en Waarschuwing tegen Geestdrijverij (1750) mar ek út Request en Deductie fan 1740 nammers de soasjeteit fan doopsgesinde gemeenten yn Fryslân.

Wytze Jeens Brouwer en Pieke Tjommes wienen doe nammentlik troch de Steaten skorst fanwege sosinianisme. De frijmoedeige toan fan it Request en Deductie en benammen De Nature en Gesteldheid van Christus Koninkrijk makken dat de grifformearde klassis yn Frjentsjer en de Synoade fan Boalsert der by de Steaten op oanstienen om Stinstra te skorsen. Dy fregen advys oan de Nederlânske teologyske fakulteiten en ferbeaën - doe't hast alle fakulteiten ketterijen yn it wurk ûntdekten - Stinstra it iepenbiere preekjen (13 jannewaris 1742)

Syn fersyk en petysjes fan de gemeente en soasjeteit koenen de steaten net bewege. Yn 1757 krige er pas syn preekfrijheid werom. Hy wie it gemeentewurk dwaan bleaun en hie studearre. Syn Harlinger Vraagenboek (1751) is oant fier nei 1800 yn menniste gemeenten brûkt. Stinstra korrespondearre mei Ingelske wiisgearen en teologen en sette ûnder oare wurk oer fan S. Richardson (Clarissa, 8 dielen) en Charles Grandison, 7 dielen). Syn opfetting fan it kristendom as reedlik seedlik systeem en syn rasjonele tinken hawwe grutte ynfloed hân op de mennisten en hawwe it modernisme taret.

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok en M. Wiegersma, red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Stinstra, Johannes.
  • Chr. Sepp - Johannes Stinstra en zijn tijd, 2 dielen (Amsterdam 1865-1866)
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels