Johannes Lambertus Huber

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Johannes Lambertus Huber (Ljouwert, 8 augustus 1750 - Blessum, 30 juny 1826) wie in steatsman en patriot.

As patriot wie er befreone mei Court Lambertus fan Beyma, en die it sekretariaatswurk foar de eksersysjegenoatskippen (1785). Yn 1787 wykte hy út nei Saint-Omer. Stie ek yn Frânske tsjinst, mar kaam yn 1795 werom. Efkes stie er ek op de foargrûn, ûnder oare yn de Steaten-Generaal, mar waard al gau as federalist oan de kant skood. Letter hie Johannes Lambertus noch in soad oare funksjes, sa wie er grytman fan It Bilt (1816).

Boarnen, noaten en referinsjes [bewurkje seksje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: