Johannes Basius

Ut Wikipedy

Johannes Basius (Ljouwert,± 1540 - Delft, 11 septimber 1596) wie in Frysk rjochtsgelearde.

Hy studearre yn Leuven en dêrnei yn Frankryk, wêr't hy master yn de rjochten waard. Yn 1561 waard hy abbekaat yn Ljouwert. Hy flechte foar Alva en waard adviseur fan prins Willem de Swijer (-1584). Hy skriuwde Paradoxorum Disputationem Juris Civilis. Basius stoar as skriuwer fan de senaat yn Delft.