Johann Friedrich Stöver

Ut Wikipedy
Hans Stöver, 1943

Johann Friedrich (Hans) Stöver (Bremen, 9 augustus 1899 - dêre, 1981) wie in Dútsk kampkommandant. Hy hie de bynamme Nelis.

Yn de Twadde Wrâldkriich wie er SS-Schutzhaftlagerführer I yn kamp Amersfoart. Hy wie dêr de twadde man ûnder SS-Obersturmführer Walter Heinrich.

SS-Untersturmführer Stöver hie earder kommandant west fan Kamp Schoorl en hie yn Amersfoart faak de lieding oer it kamp, meidat Heinrich geregeldwei op oare plakken tahold. Hy waard 'oplaat' troch twa SS'ers út konsintraasjekamp Dachau, dy't troch Heinrich oanhelle wiene om te 'learen hoe't de beweitsers mei de finzenen omgean moasten'.

Stöver hat neffens tsjûgen teminsten ien Sovjet-Russische kriichsfinzene eigenhannich deamakke troch him de harsens yn te slaan mei in stik branhout. Teffens naam er iten dat foar de finzenen ornearre wie yn beslach, wat dêrnei by de kamplieding bedarre. Hy wie kommandant fan in fjoerpeloton dat arrestanten sûnder foarm fan proses fusillearje moast.

Doe't Heinrich yn 1943 it kamp ferliet, folge Stöver him net op, mar waard de tredde man SS-Schutzhaftlagerführer II Karl Peter Berg Lagerkommandant. Stöver ferdwûn fan it toaniel.

Op 7 juny 1949 waard Stöver troch it Bysûnder Gerjochtshof yn Amsterdam ta libbenslange finzenisstraf feroardield. Hy waard fêstset yn Breda. Yn 1950 waard er troch de Byzondere Ried fan Kassaasje ta de deastraf feroardield, mar in jier letter waard dy straf feroare yn libbenslang. Maaie 1959 waard de libbenslange straf wizige yn 23 jier en fjouwer moannen. Yn novimber 1960 waard Stöver frijlitten en gie er werom nei Dútslân.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: