Johan Willem Friso fan Nassau-Dietz

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Johan Willem Friso

Johan Willem Friso (Dessau, 4 augustus 1687 - Strijensas, 14 july 1711), foarst fan Nassau-Dietz (1696-1711), Prins fan Oranje (1702-1711), steedhâlder fan Fryslân (1707-1711) en Grinslân (1708-1711), wie de âldste soan fan Hindrik Kasimir II en Henriëtte Amalia.

[bewurkje seksje] Libben

Nei de dea fan syn heit yn 1696 waard Johan Willem Friso beneamd as foarst fan Nassau-Dietz en steedhâlder fan Fryslân en Grinslân. Omdat er noch minderjierrich wie fungearre syn mem oant 1707 as regintes. As ienich erfgenamt fan syn efterneef steedhâlder Willem III krige hy yn 1702 de titel Prins fan Oranje derby.

[bewurkje seksje] De Spaanske Suksesjekriich

As Generaal fan it Staatsleger die Johan Willem Friso mei oan de Spaanske Suksesjekriich. Troch in misbegryp tusken him en de Britske kommandant, Marlborough ferlearen tûzenen Nederlanners it libben yn de slach by Malplakwet op 11 septimber 1709. Lykwols behelle hy yn dizze bluodderige fjildslach de oerwinning.

Op 14 july 1711 op wei nei De Haach foar besprekkings oer in erfkwestje, kaam de doe 23-jierrige Johan Willem Friso troch ferdrinking om by it oerstekken fan it Hollânsk Djip by Moerdijk nei Strijensas. Koart dêrnei op 1 septimber 1711, waard syn soan Willem IV berne. Op 25 febrewaris 1712, goed 7 moannen nei syn dea, waard Johan Willem Friso begraven yn de Grutte of Jakobinertsjerke yn Ljouwert.

[bewurkje seksje] Houlik en bern

Johan Willem Friso troude op 26 april 1709 mei Maria Louise (1688-1765). Ut dat houlik waarden twa bern berne:

>
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen