Johan Petrus van Hylckama

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Johan Petrus van Hylckama (Sleat, 25 oktober 1749Sondel, 28 oktober 1816) wie in Frysk politikus. Hy wie ûnder oare deputearre fan de Steaten-Generaal fan de feriene Nederlânske Provinsjes en grytman fan Gaasterlân.

[bewurkje seksje] Biografy

Johan Petrus ferfolde benammen om it begjin fan de 19e ieu wichtige funksjes. Sa wie hy deputearre nammers Fryslân fan de Steaten-Generaal fan de Feriene Nederlânske Provinsjes fanôf 1795. Hy wie ekk lid fan de Provysjonele Represintanten fan it iolk ian Fryslân en hy siet yn it Kommitee ta de Algemiene Saken fan it Bûnsgenoatskip te Lande. Ek wie hy fan 1802 ôf lid fan it Departemintaal Bestjoer fan Fryslân. Yn 1804 waard hy werkeazen. Yn 1816 wurdt Johan grytman fan Gaasterlân, hy folge Lamoraal Albertus Aemilius Rengers op.

Fierders wie Johan troud mei Titia Rinia van Nauta en wenne mei har op slot Beuckenswyk yn Sondel. De pake fan Johan Petrus wie de oerpakesizzer fan Jelle Broers Hylckama.

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brood, P. en oaren -De eerste volksvertegenwoordigers van 1795 (Amsterdam 1993), Homines novi.
  • H.A.J. van Schie - De archieven van het Comité te Lande 1795-1798 en het Ministerie van Oorlog 1798-1810 (1813) (De Haach, 1979)
  • Bauke Boersma - Gaasterland: eeuwenoud land tussen Mar en Klif
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen