Johan Leutscher

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Johan Leutscher
Namme Johan Leutscher
Bertedatum 26 july 1964
Berteplak Drachten
Grutte 207 sm
Sportive ynfo
Sport roeien
Underdiel(en) Dûbelfjouwer sûnder stjoerman
Olympyske Spullen Seoel 1988

Johannes Hendrik (Johan) Leutscher (Drachten, 26 july 1964) is in earder Frysk roeier.

Leutscher fertsjintwurdiche Nederlân op ferskeidene grutte ynternasjonale wedstriden. Ienkear hat er meidien oan de Olympyske Spullen, dêr waard er njoggende yn de dûbelfjouwer sûnder stjoerman.

Hy wie yn syn aktive jierren lid fan de Utertske studintenroeiferiening Triton. En hat fjouwer kear Nederlânsk kampioen roeien west. Leutscher hat geology studearre.

De yn Drachten berne Leutscher is al gau nei Drinte ferfearn en hat dêrnei yn Itaalje, Noarwegen en Frânsk-Kongo wenne. Hjoed de dei wennet Leutscher yn it Noarske Stavanger.

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen