Johan Barger

Ut Wikipedy

Johan Barger (Amsterdam, 8 desimber 1853Ljouwert, 2 maaie 1900)[1] wie in Nederlânse dûmny en moardner fan Cato de Mirande.

Noorderhaven 29, Harns dêr't Barger Cato de Mirande dea skeat

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Barger waard berne as soan fan timmerman Petrus Barger en Johanna ten Broekhorst. Hy studearre teology te Utert en wie fan 2 maaie 1880 ôf predikant te Goudswaard. Fanwege houliksproblemen flechte er syn went út; yn 1882 wie er in skoft gjin predikant. Yn 1883 waard hy helppredikant te Lettelbert, dêr't er yn 1884 fêste predikant waard. Yn 1885 waard er beroppen yn Garnwerd. Op 16 july 1885 troude er wer, no mei Eilke Venema. Yn 1888 waard er beneamd yn Harns, dêr't er op Noorderhaven 29 wenne.

De 17-jierrige Cato de Mirande krige er kunde oan op kategisaasje. Cato holp syn frou mei naaiwurk en waard in hûsfreondinne fan de Bargers. Barger hie fan 24 novimber 1892 seksuele omgong mei har.[2] Op 30 jannewaris 1894 joech er in soad argewaasje op in houliksfeest fan de Mirandes, dat Cato har heit ferbea har fierder kontakt mei de dûmny. Dy helle syn frou lykwols oer om Cato thús út te nûgjen. Op 6 maart 1894 sleat Barger Cato, dy't doe 23 jier wie, op yn in foarkeamerke en lei it op har ta. Doe't sy neat fan him witte woe skeat er har dea mei in revolver dy't er yn Amsterdam kocht hie. Hy gie fuortendaliks nei it plysjeburo en ferhelle plysje Johs. v.d. Meulen fan de moard. By it ferhoar sei er: "Ik ben geen Christen meer, ik ben een schurk, ik heb een moord gedaan!"

Barger krige mr. W.B. Buma as ferdigener tawiisd.[3] Yn de sitting op 24 maaie, easke it Iepenbier Ministearje (IM) libbenslang.[4] De abbekaat woe net hawwe dat it moard mei opset sin west hie.[5] Barger waard op 2 juny 1894 troch it gerjochtshof fan Ljouwert feroardiele ta libbenslange finzenisstraf, mei op grûn fan oantekenings út syn deiboek. Hy tekene heger berop tsjin it fonnis oan.[6] It IM die itselde; it woe berikke dat by it eventueel legere straf, Barger dochs de rjochten sa as bedoeld yn artikel 28 sub 1-5 fan it Wetboek fan Strafrjocht kwyt wêze soe.[7] Op 13 july tsjinne it heger berop.[8]

It fonnis waard op 25 july 1894 yn heger berop befestige. Barger syn houlik mei Eilke Venema waard op 16 april 1895 te Harns ûntbûn.[9] Hy stoar mei 46 jier yn finzenskip en waard beiërdige op it hôf fan de Ljouwerter finzenis.

Folkslietsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oer dûmny Barger en de moard waard yn 1894 in ferske makke:

Tarara boemdiee
De blikken dominee[10]
Die schoot met kruit en lood
Zijn arme naaister dood
Nu zit hij in de kast
Al aan een ketting vast
De jongens roepen luid:
Die komt er nooit meer uit

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Johan Barger Biografysk portaal fan Nederlân
  2. Zaak Barger, Ljouwerter Krante, 25 maaie 1894
  3. rubriek Rechtszaken, Leeuwarder Courant, 28 april 1894
  4. rubriek Rechtszaken, Leeuwarder Courant, 24 maaie 1894
  5. Vervolg zaak-Barger, Leeuwarder Courant, 26 maaie 1894
  6. rubriek Rechtszaken, Leeuwarder Courant, 11 juny 1894
  7. rubriek Rechtszaken, Leeuwarder Courant, 16 july 1894
  8. rubriek Rechtszaken, Leeuwarder Courant, 13 july 1894
  9. Parenteel fan Jan Venema
  10. Mei in 'blikken dominee' wurdt in sabeare dûmny bedoel; sjoch Een blikken dominee, yn: F.A. Stoett Nederlandse spreekwoorden, spreekwijzen, uitdrukkingen en gezegden (4e druk) (1923-1925)