Joelija Tymosjenko

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Joelija Tymosjenko yn 2010

Joelija Volodymyrivna Tymosjenko (Oekraynsk: Юлія Володимирівна Тимошенко, [ˈjulʲija β̞oloˈdɪmɪriu̯na tɪmoˈʂɛnko]) (Dnjepropetrovsk, 27 novimber 1960) is in Oekraynske ûndernimmer en politika. Fan 24 jannewaris oant 8 septimber 2005 en fan 18 desimber 2007 oant 3 maart 2010 wie sy premier fan Oekraïne. Tymosjenko is de listlûker fan Blok Joelija Tymosjenko.

Tymosjenko foltôge yn 1984 har stúdzje ekonomy yn hat berteplak Dnjepropetrovsk. Yn 1988 begûn sy mei har man Oleksandr in bedriuw yn de gasyndustry, dat him nei it ûnôfhinklik wurden fan Oekraïene yn 1991 talei op regearingskontrakten. Desimber 1996 waard hja lid fan it Oekraynske parlemint, de Verchovna Rada. Yn 1996-1997 wie sy foarsitter fan de Ferienige Enerzjysystemen Oekraïne.

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

Wikimedia Commons Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Yulia Tymoshenko en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten.
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen