Joe Durso

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Joe Durso (* New York, 1955) is in bekende Amerikaanske muorrekeatser. Durso spilet benammen de ienmuorre fariant.

Sûnt 1980 oerhearske hy by dy fariant sawat 25 jier it ien-tsjin-ien spul mei de lytse bal. Hy wûn mar leafst 9 kear it Iepen Amerikaansk Kampioenskip, wie dêr 4 kear ferliezend finalist en helle boppedat nochris 8 kear de heale finale, foar it lêst op syn 47ste yn 2002. By it dûbeljen wûn hy tegearre mei Albert Apuzzi 6 kear de haadpriis en ien kear mei Yuber (Pee Wee) Castro. Yn 2009 ferraste hy de keatswrâld nochris mei in finaleplak yn it dûbelspul, mei as maat de jeugdige Tyree Bastidas.

Durso is noch altyd aktyf as spiler en promotor fan it muorrekeatsen. Fanwege syn provosearjende en opskepperige wize fan praten wurdt Durso yn it keatssirkwy ek wol "The Mouth" neamd.

Ein 2004 stie Durso noch 9e op de ranglist fan professjonele ienmuorre-keatsers. Op 18 febrewaris 2012 waard Durso opnommen yn de "Hall of Fame" fan it Amerikaansk keatsbûn (USHA).