Job Cohen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Job Cohen yn 2010

Marius Job Cohen (Haarlim, 18 oktober 1947) is in Nederlânsk jurist en politikus. Cohen wie sûnt 2010 polityk lieder fan de Partij fan de Arbeid en fraksjefoarsitter fan de PvdA yn de Twadde Keamer.

Cohen gie nei it Steedlik Gymnasium Haarlim en foltôge syn rjochtenstúdzje yn 1971 oan de Ryksuniversiteit Grins. Hy wurke dêrnei sa'n tolve jier by de Universiteit Maastricht, dêr't hy de rjochtenfakulteit opsette, heechlearaar metoden en techniken waard en letter ek rector magnificus.

Yn 1993 waard hy koarte tiid steatssekretaris fan Underwiis yn it kabinet-Lubbers III. Sûnt 1994 siet hy yn de Earste Kamer en yn 1998 waard hy yn it kabinet-Kok II nochris steatssekretaris, diskear fan Ministearje fan Justysje. Ein 2000 trede hy werom as steatsekretaris, om begjin 2001 oan te treden as boargemaster fan de gemeente Amsterdam. Op 12 maart 2010 waard bekend dat nei it fuortgean fan PvdA-partijlieder Wouter Bos Cohen him kandidaat stelt as nije PvdA-partijlieder. Syn boargemasterskip lei hy per direkt del. Op 25 april 2010 waard Cohen keazen, as ienige kandidaat. Op moandei 20 febrewaris 2012 joech hy syn funksje op as fraksjefoarsitter en polityk lieder fan de PvdA. Hy komt likemin werom as Keamerlid[1].

Literatuer[bewurkje seksje | edit source]

Boeken (as auteur)
  • Studierechten in het wetenschappelijk onderwijs (1981), dissertaasje[2]
  • Binden. Met een inleidend interview door Bas Heijne (2009), bondel taspraken en lêzingen[3]
Audioboeken (as ferteller)
Boeken oer Job Cohen
  • Een vreemdeling op Justitie. Het asielbeleid van Job Cohen (2001), skreaun troch Jeroen Corduwener, ISBN 90 204 2086 0
  • Job Cohen. Burgemeester van Nederland (2010) skreaun troch Hugo Logtenberg & Marcel Wiegman, ISBN 90 468 0727 4

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Cohen weg als fractieleider PvdA (nos.nl, besocht 20 febrewaris 2012)
  2. Studierechten in het wetenschappelijk onderwijs. Universiteit Leien. Besjoen op 2010-09-07.
  3. Binden. Utjouwerij Prometheus. Besjoen op 2010-08-31.
  4. 4,0 4,1 4,2 4,3 4,4 4,5 Luisterboeken voorgelezen door Job Cohen. Utjouwerij Rubinstein. Besjoen op 2010-08-31.