Joast fan de Vondel
|
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta. |
Joast fan de Vondel (Keulen, 17 novimber 1587 – Amsterdam, 5 febrewaris 1679) wie in Nederlânsk dichter en toanielskriuwer.
Ynhâld |
Wurk[bewurkje seksje]
Ferskaat oan teksten[bewurkje seksje]
- By Fan den Vondels meast ferneamde toanielwurk hearre syn Toanielstikken Gijsbrecht van Aemstel, in stik dat yn it earstoan troch de predikanten ferbean waard meidat it Roomske sympatyen befetsje soe, en Lucifer.
Stikeldicht[bewurkje seksje]
- Vondels gedichten, benammen de stikeldichten, befetsje faak hoeden krityk op de steat. Soms wurdt er sels lilk en haatlik: in foarbyld is Het stockske van Joan van Oldenbarnevelt. Sterke lilkens klinkt ek troch yn it ynliedende sonnet (Fan den Vondel neamt it Klinkert) oant Palamedes oft Vermoorde Onnooselheijd, dêr't dy "fermoarde ûnskuld" allinne mar in figuer út de Aldheid yn is: yn wurklikheid stie Palamedes foar de terjochtstelde Oldenbarnevelt, en dy subtekst kin de tiidgenoaten ûnmooglik ûntgean wêze.
Religieuze poëzy[bewurkje seksje]
Hy skreau lykwols ek suvere religieuske gedichten, lykas twarris in Krystliet:
-
- O wat zon is komen dalen
in den Maagdelijken schoot!
Ziet hoe schijnt ze met heur stralen
Alle glanzen doof en dood.
- O wat zon is komen dalen
Oar wurk[bewurkje seksje]
Lichtfuottich is it gedicht Op het Toonneel des Aerdrycks, ofte Nieuwe Atlas; uytgegeven door I. en C. Blaeu dat yn de atlas fan Blaeu opnaam waard,[1] en dat sa begjint:
-
- De wereld is wel schoon, en waerdigh om t'aenschouwen,
Maer 't reizen heeft wat in. de kosten vallen swaer.
Men magh den Oceaen niet al te veel betrouwen.
De Bergen rijzen steil. de bosschen zien te naer.
- De wereld is wel schoon, en waerdigh om t'aenschouwen,
Nei dy kleisang, dy't sa noch in tal strofen trochgiet, kin men net om Van den Vondels konklúzje hinne: de lêzer kin him de muoite besparje en him beheine ta in reis troch atlas:
-
- O reisgezinde geest, ghy kunt die moeite sparen,
En zien op dit Toonneel de Wereld groot en ruim,
Beschreven en gemaelt in kleen begrip van blaren.
Zoo draeit de schrandre kunst den Aerdkloot op haer duim.
- O reisgezinde geest, ghy kunt die moeite sparen,
Renêssânsist en rederiker[bewurkje seksje]
Van den Vondel wie in Renêssândedichter, mar ien die earst Latyn learde doe't er folwoeksen wie. Letmidsieuske ynvloeden, benammen dy fan de Rederikers, binne ek bot yn syn wurk oanwêzich: boartsje mei wurden:
-
- De raven kraaien "cras, cras"
— dat lêste wurd betsjut yn it Latyn: "moarn"; opsommings:
-
- Die zorght, en waeckt, en slaeft, en ploegt, en zwoegt, en zweet
en tal fan oare figueren litte de Rederikerstradysje sjen. De perfekte yntegraasje fan kristlike teology en antike kultuer, syn grutte kennis fan literatuer en wittenskip, en syn niget oan dichtfoarmen en fernijings op leksikaal mêd meitsje him dochs yn it foarste plak in humanistysk en renaissânsistysk dichter. Van den Vondels dichterlik talint en syn irenyske persoanlikheid makken dat syn tiidgenoaten him betitelen as Prins fan de Dichters.
Poëzy[bewurkje seksje]
- Den Gulden Winckel der Konstlievende Nederlanders (1613)
- Hymnus ofte Lofgesangh over de wijdberoemde scheepvaert der Vereenigde Nederlanden (1613)
- Vorstelijcke warande der dieren (1617)
- Op de jongste Hollantsche Transformatie (1618)
- De Helden Godes (1620)
- Het lof der zeevaert (1623)
- Geboortklock van Willem fan Nassau (1626)
- Bruyloftbed van P.C. Hooft en Helionora Hellemans (1627)
- Rommelpot van 't Hane-kot (1627)
- Verovering van Grol door Frederick Henrick, Prince van Oranje (1627)
- De Rynstroom (1630)
- Roskam (1630)
- Harpoen (1630)
- Een otter in 't bolwerck (1630)
- Geuse-vesper (1631)
- Decretum horribile (1631)
- Op Huygh de Groots verlossing (1632)
- Inwying der doorluchtige Schoole t'Amsterdam (1632)
- Kinderlijck (1632)
- Uitvaert van mijn dochterken (1633)
- Op het overlyden van Isabella Klara Eugenia (1633)
- Lyckklaght aan het Vrouwekoor, over het verlies van mijn ega (1635)
- Brieven der Heilige Maeghden, Martelaressen (1642)
- Aen de Beurs van Amsterdam (1643)
- J.J. Vondels Verscheide Gedichten (1644)
- Altaergeheimenissen (1645)
- Poezy (verzamelbundel) (1650)
- Inwijdinge van 't Stadhuis t'Amsterdam (1655)
- Het stockske van Joan van Oldenbarnevelt (1657)
- Zeemagazyn (1658)
- Wildzang (1660)
- Toneelschilt oft Pleitrede voor het toneelrecht (1661)
- Bespiegelingen van Godt en Godtsdienst (1662)
- Joannes de Boetgezant (1663)
- De Heerlijckheid der Kercke (1663)
- Lykzang ter ere van Zacharias du Mez, Bisschop van Thrallen (om 1665)
- Uitvaert van Maria van den Vondel (1668)
Toaniel[bewurkje seksje]
- Het Pascha ofte de Verlossinge Israels wt Egypten[2] (1612)
- Hiërusalem verwoest[3] (1620)
- Palamedes oft Vermoorde onnooselheijd[4] (1625)
- De Amsteldamsche Hecuba[5] (1626)
- Gysbreght van Aemstel (1637)
- Maeghden (1639)
- Gebroeders (1640)
- Joseph in Dothan (1640)
- Joseph in Egypten (1640)
- Peter en Pauwels (1641)
- Maria Stuart of Gemartelde Majesteit (1646)
- Leeuwendalers, lantspel (1647)
- Salomon (1648)
- Lucifer[6] (1654)
- Salmoneus (1657)
- Jeptha of Offerbelofte (1659)
- David in Ballingschap (1660)
- David hersteld (1660)
- Samson of Heilige Wraeck (1660)
- Adonias of Rampsalighe kroonzucht (1661)
- Johannes de boetgezant (1662)
- Batavische gebroeders of Onderdruckte vryheit (1663)
- Faëton of Reuckeloze stoutheit (1663)
- Adam in Ballingschap of Aller treurspelen Treurspel (1664)
- Zungchin of Ondergang der Sineesche heerschappije (1667)
- Noah of Ondergang der eerste wereld (1667)
Gelegenheidsgedichten[bewurkje seksje]
- 1627 - Bruyloftbed van Pieter Cornelisz. Hooft en Helionora Hellemans
- 1633 - Kinder-lyck (naar aanleiding van het overlijden van zijn zoon Constantijn)
- 1660 - Op d'Afbeeldinge van den edelen gestrengen Heere Cornelis de Graeff[7]
- 1662 - Ter bruiloft van den weledelen heer Peter de Graef, Jongkheer van Zuitpolsbroek en de weledele mejoffer Jakoba Bikker[8]
- 1668 - Uitvaert van Maria van den Vondel
Literêre ferhanneling[bewurkje seksje]
- 1650 - Aenleidinge ter Nederduitsche dichtkunste
Oersettingen[bewurkje seksje]
- Hippolytus of Rampsalige Kuysheyd (neffens Seneca) (1628)
- Huigh de Groots Jozef of Sofompaneas (neffens Hugo de Groot) (1635)
- Elektra (neffens Sophokles) (1639)
- Lierzangen en Dichtkunst (Quintus Horatius Flaccus) (1657)
- Koning Edipus (neffens Sophokles) (1660)
- Ifigenie in Tauren (neffens Euripides) (1666)
- Fenicieansche of Gebroeders van Thebe (neffens Euripides) (1668)
- Herkules in Trachin (De Trachiniae fan Sophokles) (1668)
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|