Joaris Albrecht fan Eastfryslân

Ut Wikipedy
Joaris Albrecht fan Eastfryslân
aadlik persoan en/of hearsker
nasjonaliteit Eastfrysk
bertedatum 13 juny 1690
stjerdatum 12 juny 1743
Foarst fan Eastfryslân
regear 17081734
foargonger Kristiaan Evert
opfolger Karel Edzard

Joaris Albrecht (13 juny 1690 - 12 juny 1734) is ien fan de ferneamde famylje Sirksena en wie de fjirde foarst fan Eastfryslân fan 1708 oant en mei 1734.

Hy wie de twadde soan fan foarst Kristiaan Evert en regearde yn in tiid mei in soad problemen. Yn 1717 kaam de krystfloed de Friezen oer it mêd. Dêrby rekken 2752 minsken dea en grutte dielen fan it lân waarden ûnlân. Under syn bewâld kaam it ek wol ris ta konflikten mei leden fan de Ostfriesische Landschaft. Yn 1726/27 kaam it ta in boargerkriich mei in part fan stannen fan de Ostfriesische Landschaft, ek wol de Appel Kriich neamd. Mei help fan it part fan de stannen dat him noch wol stipe joech koe er de kriich winne. De oan dan ta altiten dominante stêd Emden wie ek tsjin Albrecht, mar moast letter doch ûnderhearrich oan him wurde. Troch de minne ûnderhannelingen fan Albrecht syn kânselier, Enno Rudolph Brenneysen, wie it net mooglik om it konflikt freedsum ta in ein te bringen. Wylst de kânselier en Albrecht hurde straffen foar de fijannige stannen ha woenen, krigen se amnesty fan de keizer fan it Hillige Roomske Ryk.

Foarst Joaris Albrecht stifte yn 1729/30 de seilhaven Carolinensiel, dêr't hjoed in museumhaven is. De haven hat er ferneamd nei syn twadde wiif Sofia Karoline fan Brandenboarch-Kulmbach, dochter fan Kristiaan Hindrik. Hy wie de earst kear troud west mei Sofia Louise fan Nassau-Idstein. Doe't foarst Joaris Albrecht op 11 juny 1734 stoar, folge Karel Edzard him op as 18 jierrich jonkje en lêst libbene erfgenamt fan Albrecht. It slagge syn opfolger ek net om it konflikt mei de stannen del te bêdzjen en ta in freedsum ein te bringen.

Nijsgjirrich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1715 joech Joaris Albrecht tastimming foar it earste hynstestamboek op de wrâld. It alkoholisme yn syn lân besocht er te bestriden mei in ferbod op it kloatsjitten yn 1731. By sokke eveneminten waard neffens Albrecht in soad alkohol dronken, iten, skeld, flokt en wie der in protte houwerij. Troch dat ferbod waard de relaasje tusken de foarst en ûnderhearrigen net better.