Joadsk begraafplak (Harns)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Harns hat noch ien Joadsk begraafplak. Dy leit op in apart stik fan it Algemien Begraafplak oan de Begraafplakleane. Dit hôf wurdt sûnt 1870 brûkt en waard yn 1909 útwreide. Der stean 128 grêfstiennen,

Foar 1870 waarden de deaden te hôf brocht oan de Willemskade. Yn 1953 waard dit âld begraafplak opromme. De oerbliuwsels en grêfstiennen waarden oerbrocht nei it nije begraafplak. De âdste grêfstiennen hawwe datums fan healwei de 18e ieu. Doe wie it âld begraafplak oan de Willemskade al yn gebrûk.

Yn 1947 is de joadske gemeente Harns ophefd en by dy fan Ljouwert kaam. It NIK is eigner.

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels