Springe nei ynhâld

Jerobeäm I fan Israel

Ut Wikipedy
Jerobeäm's offer yn Bet-El wurdt fersteurd troch in profeet (Gerbrand van den Eeckhout (1656)

Jerobeäm I wie de earste kening fan it Tsienstammenryk Israel. Hy kaam oan de macht nei't de noardlike stammen fan it Feriene Keninkryk Israel út ûnfrede mei it belied fan Salomo's opfolger Rechabeäm harren ôfskieden en in eigen kening keazen. Jerobeäm regearde fan it jier 931 f.Kr. oant 901 f.Kr.

Jerobeäm wie de soan fan Nebat ut Sereda en hearde by de stamme fan Efraïm of Zereda. Syn mem Jerûa wie in widdo (1 Keningen 11:26). Jerobeäm hie tenminste twa soannen: Abia (1 Keningen 14:1) en syn lettere opfolger Nadab. Kening Salomo naam de noch jonge Jerobeäm yn tsjinst en omdat hy goed foldie waard hy opsichter oer syn folk by grutte bouprojekten yn Jeruzalim.

Jerobeäm wurdt oanwiisd as takomstige kening fan Israel

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn in tiid dat it folk prottele oer it swiere libben ûnder kening Salomo, kaam Jerobeäm ûnderweis ienris de profeet Achia tsjin. It barde dat dy syn mantel yn 12 stikken skuorde en Jerobeäm hjitte der tsien stikken fan op te nimmen. Dy stikken stiene foar de stammen dy't harren ôfskuorre soene fan it keninkryk fan Salomo, om't Salomo it tsjinjen fab frjemde goaden yn it lân tastie en oeral offerhichten hie oanlein foar de goaden fan de Sidoaniërs, de Moäbiten en de Ammoniten. De profeet liet Jerobeäm witte dat hy troch God keazen wie om de nije kening fan Israel te wurden en dat God mei him wêze soe sa lang't hy de foarskriften fan de Hear neilibbe. Doe't Salomo dat gewaar waard, besocht de kening him te deadzjen. Mar Jerobeäm wist yntiids út te piken en krige asyl by farao Sjisjak fan Egypte.

De stifting fan it keninkryk Israel

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It Feriene Keninkryk Israel waard nei de dea fan Salomo yn 926 f.Kr. yn in noarlik ryk mei de haadstêd Samaria en in súdlik ryk mei de haadstêd Jeruzalim ferdield. Jerobeäm regearde oer it noardlike keninkryk Israel (blau).

Nei de dea fan Salomo kaam Jerobeäm werom om diel út te meitsjen fan in delegaasje dy't by Salomo's opfolger Rechabeäm pleitsje moast foar in lichter rezjym. De nije kening wie lykwols dôf foar de klachten út it ryk en stjoerde de delegaasje, tsjin alle goede rie fan de âldsten yn, fuort mei de wurden dat hy it folk namste hurder oan soe pakke. Doe't Israel fernaam dat de kening gjin belies jaan woe kaam de profesije út dat de tsien stammen harren ôfskuorden fan it Hûs fan David. Rechabeäm besocht noch de boel wer yn 'e stokken te krijen troch Adoaram op harren ôf te stjoeren, mar dy waard troch de poerlilke Israeliten stiennige en kening Rechabeäm sels wist noch mar krekt oan de razende minsken te ûntkommen. De kening besocht it nochris en brocht yn Jeruzalim in grut leger fan 180.000 man by inoar foar in ekspedysje nei Israel, mar de godsman Sjemaja waskôge him dat it hiele barren in opset fan God wie en dat der net fochte wurde mocht mei harren bruorren yn Israel. Allinnich de stammen fan Juda en Benjamin bleaunen trou oan Rechabeäm en foarmen it keninkryk Juda.

Jerobeäm liet Sichem fersterke en sette him dêr nei wenjen. Hy boude ek twa nije timpels, ien yn Bet-El en ien yn Dan, sadat it folk net nei Jeruzalim hoechde om offers foar de Heare te bringen. Mar ek hy makke in grutte fout nei God ta en feroare op eigen manneboet it hiele religieuze libben yn it noarden. Hy liet twa gouden keallen meitsje, foar elke timpel ien. Dy keallen waarden ta in grutte sûnde, want it folk begûn de bylden te ferearjen. Jerobeäm liet dêrnjonken ek prysters út alle stammen wei oanstelle en net, sa't it hearde, allinnich út de stamme fan de Leviten. Boppedat waard der in grut feest ynfierd om te offerjen oan de keallen en Jerobeäm gyng dan sels by it alter op (1 Keningen 12:25-32).

Sa koe it langer net. Neffens 1 Keningen 13:1-6 wie Jerobeäm yn de timpel fan Bet-El krekt dwaande om it fjoer fan in offer oan te meitsjen, doe't in man fan God him oantsjinne. Dizze godsman festeure de earetsjinst en waskôge dat in soan mei de namme Josjía berne wurde soe út David's hûs, dy't it alter ferneatigje soe (in ferwizing nei de lettere kening Josjía fan Juda). Jerobeäm besocht de man de mûle te teamjen en rôp dat se dizze man arrestearje moasten. Mar wylst hy syn hân nei de godsman wiisde waard dy stiif en mei spjalte it alter en dripte it fet der ôf, krekt sa’t de godsman earder sein hie. Jerobeäm fersocht doe de godsman de geunst fan de Heare te sykjen en foar him te bidden, sa't syn hân wer genies en sa barde dat.

Kriich mei Juda

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Grinskonflikten tidens it regear fan Jerobeäm lieden ta in permaninte steat fan kriich mei it suden. Doe't Jerobeäm achttjin jier kening wie folge Abía Rechabeäm op as kening fan Juda en Abía makke him op om te striden tsjin Israel. Hy wist in enoarm leger op te bouwen, mar krige in dûbel sa grut leger foar him oer. Foar de oanfal besocht Abía it leger fan Jerobeäm noch te oertsjûgjen him oer te jaan en de feriening fan de beide steaten net yn de wei te stean. Mar wylst Abía noch dwaande wie de Iraeliten te oertsjûgjen, liet Jerobeäm Juda's leger omsingelje. Doe't de Judeeërs der achter kamen dat hja fan foaren en ek fan achteren oanfallen waarden, rôpen hja God oan foar help en om't it Judeeske leger steunde op de Heare wûn Abía de slach. 500.000 Israeliten fûnen de dea en Abía wist de stêden Bet-El, Jesjana en Efron en it omlân op Israel te feroverjen. It waard de ein fan kening Jerobeäm, dy't de klap net mear te boppe kaam en stoar (2 Kroniken 13 en 14).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Bibelboeken 1 Keningen, 2 Keningen en 2 Kroniken.