Jens Juel
Ut Wikipedy
Jens Jørgensen Juel (Balslev op Fünen; 12 maaie 1745 - Kopenhagen, 27 desimber 1802) wie in Deensk keunstskilder.
Jens Juel waard learling fan Johann Michael Gehrman yn Hamburch, gie dêrnei nei de Keninklike Deenske Keunstakademy yn Kopenhagen, dêr't er, nei in seisjierrich ferbliuw yn Itaalje en Switserlân, hofskilder, lid, dan professer en úteinlik direkteur waard.
Jens skildere karakteristyk opsette portretten yn noflik oandwaande kleuren, dêr't in hast libbensgrut ôfbyld fan de kopergraveur Clemens, Klopstock en Kristian VII fan Denemark ûnder binne. Fierders skildere ek lânskippen en sjenrestikken.
Ta syn learlingen hearden de Dútske skilder Caspar David Friedrich (1794-98) en Philipp Otto Runge (1799-1801).
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Jens Juel fan Wikimedia Commons. |