Jehova's Tsjûgen
De Jehova's Tsjûgen is in godstsjinstige groepearring dy 't sûnt ± 1870 in kommend ein fan de wrâld ferwachtet.
De namme waard yn 1931 oannomd. De blêden dêr't mei kolporteard wurdt hjitte De Wachttoer en Ontwaakt. Tatreding giet middels it ûnderdompeljen. Se komme in pear kear wyks by elkoar foar bibel- en Wachttoerstúdzje. Fierders is der in soad evangelisaasje.
Yn Fryslân wienen yn 1974 13 gemeentes: 2 yn Ljouwert, 2 op It Hearrenfean en fierders yn Drachten, Haulerwyk, Bakkefean, Dokkum, Harns, Boalsert, Snits, De Lemmer, De Gerdyk en Surhústerfean ( gebou yn De Harkema-De Pein ). It oantal doopten wie yn 1960 678, yn 1974 ± 1330.
It nije milennium — Wat hâldt de takomst foar jo yn? (2000) is de ienige publikaasje dy't it Wachttoergenoatskip yn it Frysk útjûn hat.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|