Jehannes Markus

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Ofbylding fan Markus troch Andrea Mantegna

Jehannes Markus, koartwei Markus (Hebrieusk: מרקוס; Gryksk: Μάρκος), wie neffens de tsjerkfaar Papias de skriuwer fan it evangeelje fan Markus, dat it âldste en koartste evangeelje is en as twadde evangeelje yn de kanon fan de Bibel is opnommen is.

Ynhâld

Tradysje [bewurkje seksje]

Neffens de tradysje wie Markus de persoan dy't wetter nei it hûs broch dêr't it Lêste Jûnmiel plak fûn (Markus 14:13). Fierders soe hy yn de omkriten fan de tún fan Getsemane wenne hawwe. Doe Jezus yn de nacht finzen nommen waard, sloech hy in kleed om en gong sjen wat der geande wie. Doe't hy fêstgripen waard, liet er it kleed efter en sloech neaken op 'e flecht (Markus 14:51-52).

Markus wurdt troch de Ortodokse Tsjerke en Koptysk-ortodokse Tsjerke ek beskôge as de earste patriarch van Alexandrje (fan 43 oant 63). Yn Egypte soed er wûnderen ferrjochte hawwe, in tsjerke stiften, en Anianus fan Aleksandrje) ta biskop wije hawwe.

Resten [bewurkje seksje]

Neffens de oerlevering waard it lichem fan Markus yn 828 út Aleksandrje ûntfytmanne troch Fenetsjaanske seelju en nei Feneesje oerbrocht. De leginde ferhellet dat syn lichem ferburgen waard ûnder in stapel bargefleis, sadat de moslims dêr net ûnder sjen soenen. Om it grêf fan Markus waard letter de Basilyk fan San Marko boud. Syn relikwyën binne dêr noch hieltyd te bewûnderen. Lykwols giet oer dat relikwy ek it ferhaal rûn dat dit de resten fan Aleksander de Grutte binne.

De Kopten lykwols leauwe dat it haad fan Markus yn Aleksandrje efterbleau, dêr't it bewarre wurdt yn de Koptysk-ortodokse katedraal fan Sint Markus.

Yn 1968 krige in delegaasje fan de Koptyske tsjerke in bonke stikje fan Markus út hannen fan de doedestiids Paus Paulus VI.

Symboal [bewurkje seksje]

It evangelysk symboal fan him is in in liuw yn de woastyn.

Hjeldei [bewurkje seksje]

De hjeldei fan Markus is op 25 april.