Jeanne d'Arc

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
miniatuer Jeanne d'Arc
Jeanne d'Arc ôfbylde yn in manuskript út 1505
Muorrekleed yn it Kastiel fan Chinon. Jeanne d'Arc werkent de kroanprins.
Skilderij fan Jeanne d'Arc, Jules Bastien-Lepage, 1879
Kaart fan Frankryk mei yn't gleonread de gebieten yn Ingelske hannen

Jeanne d' Arc, ek: Joan of Arc, berne as Jehanne d'Arc, (Domrémy, Lotaringen,6 jannewaris? ± 1412Rouen, (Normandje), 30 maaie 1431 ) waard ek de Faam fan Orleans neamd, is in nasjonale heldinne fan Frankryk. Se waard yn 1909 sillich en yn 1920 hillich ferklearre troch de Roomsk-Katolike tsjerke.

Jeanne waard berne yn de Hûndertjierrige Oarloch tusken Ingelân en Frankryk. Ingelân besette mei help fan bûnsmaten, de Boergonjers, it noarden fan it lân. Frankryk hie nei de dea fan Karel VI (de Dwylsinnige) yn 1422 gjin kening, en de troanopfolger (de dauphin) wie te apaytysk om striid te leverjen foar de kroan. Hy betwivele oft hy der wol rjocht op hie, omdat it heitwêzen fan Karel VI omstriden wie. As tsiener bewearde Jeanne dat hja stimmen hearde fan de hilligen Katarina, Margaretha, fan de aartsingel Michaël en fan God. Dy seine dat it lân befrijd wurde moast fan de Ingelsken (de Godons). Yn 1429 socht se de dauphin op, ûnderweis klaaid as man om har te frijwarjen fan ûnseedlike omtinken, mei as doel him derfan te oertsjûgjen de striid oan te fieren. De dauphin liet har earst ûnderfreegje troch tsjerklike gesachsdragers, dy't har yn it earstoan fan ketterij fertochten en stimde doe yn mei it útstel it Ingelske belis fan Orléans te brekken.

Hagiografysk portret fan Jeanne d'Arc.Boarne: Haggard, Andrew C P: France of Joan of Arc, New York, John Lane Company 1912

Klaaid as in man, yn harnas, wist hja mei har frommens, selsberouwen en entûsjasme de demoralisearre Frânske troepen yn de stêd nij betrouwen te jaan. Op 8 maaie waarden de Ingelsken twongen it belis op te jaan. Dat súkses (in 17-jierrich famke ferslaat Ingelsen) spruts yn it hiele lân ta de ferbylding en die it Frânske selsbewustwêzen in soad goed, wêrnei't de dauphin him troch Jeanne oertsjûgje liet dat it tiid wie om him kroane te litten. Dan moast Reims wol ferovere wurde, de stêd dêr't tradisjoneel de kening kroane waard. Dat slagge de troch Jeanne late Frânsken sûnder folle ynspannings, en op 17 july waard de dauphin kroane ta kening Karel VII.

Letter kamen der gjin militêre súksessen mear. Karel VII wie tefreden mei it behelle resultaat en stelde net genôch middels beskikber foar mear feroverings. In oanfal op Parys mislearre, en by in útfal út it wol ferovere Compiègne waard Jeanne finzennomd troch de Boergonjers (1430). Dy ferkochten har oan de ein fan it jier oan de Ingelsken.

De Ingelsken woene stomme graach har as heks en ketter delsette, om sadwaande it keningskip fan Karel VII te ûntkrêftsjen. Se brochten har yn febrewaris 1431 yn Rouen foar de Ynkwisysje, de tsjerklike rjochtbank. Jeanne waard beskuldige fan it fuortrinnen út it âlderlik hûs, it ûntkennen fan de tsjerklike autoriteit (fanwege har kontakt mei God fia de stimmen), besykjen fan selsmoard (se hie besocht út de Boergonjeske finzenskip te ûntsnappen troch út in toer te springen), en it dragen fan manljusklean. Earst joech hja neat ta, mar nei driging mei marteling luts se har ferklearring oer it hearren fan stimmen yn. Dêrnei waard de feroardiele ta libbenslange finzenisstraf.

De Ingelsken wienen hjir net tefreden mei en wisten har mei in mûklist te ferlieden om yn de finzenis wer manljusklean te dragen. It proses waard dêrnei wer iepene. De rjochters konstatearren dat Jeanne wer yn oertreding wie en ferklearren har no ta ketter - in misdriuw dat ta de brânsteapel late. Op 30 maaie 1431 waard se op de brânsteapel ferbaarnd op de âlde merk yn Rouen. Neidat se mienden dat se stoarn wie, waard it fjoer dôve en har diels ferkoalle lichem oan de omstanners toand, om sjen te litten dat se yndie in frou wie. Dêrnei waard it fjoer wer oanstutsen. Omstanners bewearden dat har hert net baarne woe. Har jiske waard yn de Seine struid. (yn de 17e ieu dûkte yn in apteek in potsje op dêr't Jeanne d'Arc op skreaun stie. Lange tiid waard oannomd dat dêr de oerbliuwsels fan Jeanne d'Arc yn sieten. De resten blykten lykwols fan in Egyptyske mummy te wêzen. Dat wie it resultaat fan in ûndersyk laat troch de Frânske forinsyske antropolooch Philippe Charlier, publisearre yn Nature, april 2007. Hy ûndersocht stikjes bonke en linnen, dy't no eigendom binne fan it aartsbisdom Tours. De tsjerke woe by de sillichferklearring yn 1909 hawwe dat it hast wis wie dat de oerbliuwsels wier fan Jeanne d'Arc wiene. Ferpolvere bonken fan mummy's waarden oant yn de 19e ieu brûkt as medisyn, wat ferklearje kin dat dy oerbliuwsels yn in apteek fûn binne)

Nei har dea[bewurkje seksje | edit source]

De prosesstikken binne bewarre bleaun. Sy litte in ienfâldich boerefamke sjen dat soms antwurd jaan moast op yngewikkelde teologyske fragen, sûnder rjochtsbystân. Har militêre optreden wie benammen nofter, al kin in foarm fan moed har net ûntsein wurde: dêrom de beneaming la fille au grand coeur, of: 'it famke mei it grutte hert'. Karel VII, dy't syn keningskip oan har te tanken hie, die gjin inkele muoite om har te befrijen. De mem fan Jeanne krige yn 1450 wersjenning fan it proses en yn 1456 waard de feroardieling wegens "ketterij" neatich ferklearre. (In tribunaal laat troch ynkwisiteur-generaal Jean Bréhal beoardielde har saak opnij. It nije fûnis fersmiet it oarspronklike oardiel en omskreau de eardere sitting as "korrupsje, bedroch, kwealaster, fraude en kweadwillichheid" troch paus Calixtus III. Yn april 1909 waard Jeanne sillich ferklearre troch paus Pius X, en op 16 maaie 1920 ferklearre paus Benedictus XV har hillich. Har feestdei wurdt fierd op 30 maaie.

As polityk symboal[bewurkje seksje | edit source]

Jeanne d'Arc is yn Frankryk in polityk symboal sûnt Napoleon en waard brûkt troch ferskillende groepearrings. Sa beneidrukte links har ienfâldige komôf, de iere konservativen wiisden op har steun oan de monargy en de lettere konservativen priizgen har nasjonalisme. Yn de Earste Wrâldoarloch rôp de Frânske poilu har namme yn de rinfuorgen en waard se faak brûkt op propaganda-affysjes. Yn de Twadde Wrâldoarloch brûkten it Vichy-rezjym én it Frânske ferset har as symboal foar harren striid.

Yn de hjoeddeiske Frânske polityk kleemt de rjochts-nasjonalistyske partij Front National Jeanne d'Arc as beskermster fan it lân tsjin frjemde ynfloeden. Harren embleem fan in trijekleurige flamme ferwiist nei hat martelderskip. De partij brûkt Jeanne hat byltenis yn partijpublikaasjes en organisearret manifestaasjes by har stânbylden.

Yn de keunsten[bewurkje seksje | edit source]

Har persoan en libben hat skriuwen troch de ieuwen hinne ynspirearre, wêrûnder grutheden as Shakespeare (dy't har yn Henry VI as heks delsette), Voltaire (La pucelle d'Orléans), Schiller (Die Jungfrau von Orleans), George Bernard Shaw (Saint Joan), Jean Anouilh (L'Alouette), Mark Twain (Personal Recollections of Joan of Arc) en Bertolt Brecht (Die heilige Johanna der Schlachthöfe).

Yn de byldzjende keunst wurdt se meastentiids útbylde as in man yn harnas dy't op in hynder sit. Der binne ek films oer har makke (sjoch de list fan films oer Jeanne d'Arc).

De Italjaanske komponist Giuseppe Verdi skreau in opera oer "Giovanna d'Arco". Yn 1938 komponearre Arthur Honegger in dramatysk oratoarium "Jeanne d'Arc au bûcher", nei in libretto fan Paul Claudel.

Yn Nederlân is in muzykferiening nei har neamd: Muzykferiening "St. Jeanne d'Arc" út Noordwijkerhout, Súd-Hollân. Orchestral Manoeuvres in the Dark hat yn 1981/'82 twa lieten (yn 1981 brocht de popgroep Orchestral Manoeuvres in the Dark "Joan of Arc" út dat yn de Benelux gjin hit waard. It jier dêrnei waard "Maid of Orleans (the waltz Joan of Arc)" útbrocht dat yn Nederlân en Belgje samar in nûmer 1-hit waard) oer har útbrocht. De Italjaanske Symphonic-Metalband Thy Majestie makke in CD oer dizze frou en har libben.