Jean Sibelius

Ut Wikipedy
Jean Sibelius om 1913
Sibelius syn bertehûs yn Hämeenlinna

Johan "Jean" Julius Christian Sibelius (Hämeenlinna, 8 desimber 1865Järvenpää by Helsinki, 20 septimber 1957) wie in Finsk komponist, muzykpedagooch en dirigint. Hy wie net allinne de bekendste Finske komponist, mar syn muzyk spile ek in wichtige rol yn de foarming fan de Finske nasjonale identiteit.

Jean Sibelius waard yn 1865 yn in Finsk-Sweedske famylje berne.

It hert fan Sibelius's oeuvre is it sântal symfonyen. Lykas ek Beethoven, brûkte Sibelius elts folgend wurk om syn persoanlike komposysjestyl fierder te ûntjaan. Syn wurken wurde noch hieltyd faak útfierd en opnaam; syn meast ferneamde komposysjes binne Finlandia, Valse Triste, it fioelkonsert, de Karelia-suite en de Swan fan Tuonela, in part út syn Lemminkäinen-suite, mar hy skreau folle mear: sân symfonyën, goed hûndert lieten en geastlike muzyk. Sibelius liet him bot ynspirearje troch de Kalevala, it Finsk nasjonaal epos, bygelyks yn syn koarsymfony Kullervo. Ek ferwurke er, alhiel yn de geast fan it karelianisme, eleminten fan tradisjonele muzyk út Karelië yn syn wurken. De lêste tritich jier fan syn libben hat er gjin grutte komposysjes mear skreaun.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In list fan Sibelius syn wurk is ûnder oaren hjir en hjir te finen.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Jean Sibelius fan Wikimedia Commons.