Jean Pierre Rawie

Ut Wikipedy
Jean Pierre Rawie

Jean Pierre (oarspronklik: Jan Pieter) Rawie (Skeveningen, 20 april 1951) is in Nederlânsk dichter en oersetter.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Rawie is de soan fan in meniste loftmachtpredikant. Yn 1954, ferhuze de húshâlding Rawie nei Wynskoat. Yn 1970 ferfear Rawie nei de stêd Grins om dêr talen te studearjen en yn 1975 die er mei oan it tydskrift De nieuwe Clercke, ûnder it pseudonym Albert Zondervan dêr't Driek van Wissen ek gebrûk fan makke.

Yn 1976 publisearre er, mei Driek van Wissen, it duo-debút De match Luteijn-Donner. Beide skriuwers neame dit wurk net by harren samle wurk.

Yn 1979 makke Rawie syn solodebút mei Het meisje en de dood wêrnei't yn 1982, nei in koarte, mar swiere sikehûsopname, Intensive care folge. Itselde jier krige er nasjonale bekendheid troch syn optreden yn it telefyzjeprogramma fan Sonja Barend.

De bondel Kwade trouw kaam út yn 1986, en yn 1989 waard him de Wessel Gansfortpriis takend. Mei Woelig stof út datselde jier fertsjinne er algemiene erkenning by de literêre krityk.

Yn 1990 ferskynde sonnetten, in bibliofile útjefte.
Yn 1992 ferskynde Onmogelijk geluk, syn bêst ferkeapjend wurk.
Yn 1997 ferskynde de oersetting fan Fjouwer gedichten fan Aleksander Blok.
Yn 1999 ferskynde Geleende tijd en Gedeeld verleden (bibliofyl) en yn 2004 Verzamelde verzen.

Yn Grins en dêrbûten, stiet Rawie bekend om syn flambojante styl fan libjen. Yn 1987 krige er in alfleisklierûntstekking, troch te folle drank, en in longûntstekking en waard er opnommen yn 't sikehûs dêr't er trije moanne op de grins fan libben en dea siet. Neitiid bettere er syn libben wurdt der ornearre. Guon kritisy miene dat dit syn wurk fertuten dien hat. Sûnt is syn wurk treastliker en earnstiger. [1]

Guon neame syn wurk ferfeelsum, maar it is wis dat er, mei Annie M.G. Schmidt, Nel Benschop en Toon Hermans, ta de bêst ferkeapjende dichters fan Nederlân heart. Passaazjes út syn wurk binne faak te finen yn rou-advertinsjes. (Gerrit Komrij hat dat wolris 'terminale sitearberheid' neamd.)

Charlotte Köhler Priis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2008 ûntfong er de Charlotte Köhler Priis, in trijejierlikse oeuvrepriis foar auteurs, besteande út 18.000 euro. De priis wurdt ôfwikseljend jûn oan in skriuwer fan toanielwurk, poëzij en proaza. De sjuery skreau oer Rawie's wurk: De milde toon, doortrokken misschien van ironische momenten, kan de ernst van de eeuwige thema’s niet verhullen (…) en past naadloos binnen de tijdloze, klassieke thematiek, die vanaf het begin de poëzie van Rawie heeft beheerst: liefde, dood, ontzegging en gemis. Het getuigt ook van moed om als dichter zulke door de eeuwen heen zogenaamd platgetreden paden te gaan. Klassiek, tijdloos, zeker, maar hij verwoordt die thema’s in een keur van nieuwe en somtijds verrassende variaties.

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De match Luteijn-Donner: in skaakkursus yn twa kear tolve sonnetten (mei Driek van Wissen), 1976
  • Het meisje en de dood, 1979
  • Intensive care, 1982
  • Dartele dactylus; ollekebollekes nieuwste verzameling metrisch plezier (mei Driek van Wissen en Ivo de Wijs), 1984
  • Kwade trouw, 1986
  • Oude gedichten. Het meisje en de dood. Intensive Care. Kwade trouw. Liederen in opdracht. Vertalingen, 1987
  • Woelig stof, 1989
  • Sonnetten, 1990
  • Onmogelijk geluk, 1992
  • Gene zijde, 1997
  • Geleende tijd, 1999
  • Gedeeld verleden, 1999
  • We hebben alles nog te goed - de mooiste liefdesgedichten, 2001
  • Verzamelde verzen, 2004
  • De tijd vliegt, maar de dagen gaan te traag, 2012
  • Vroeger was alles beter, behalve de tandarts, 2013
  • Mijn ouders hadden één kind en een dochter, 2015
  • Handschrift, 2017
  • Verstrooid van schoot, 2018
  • Hebben we hiervoor tachtig jaar gevochten?, 2022

Rawie op muzyk set[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Nederlânske sjonger Maarten van Roozendaal (1962 – 2013) sette de gedichten Sterfbed, Ritueel en na jaren fan Rawie op muzyk.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. [1] De Volkskrant, 9 septimber 1999. Portret Rawie