Jean Mounet-Sully

Ut Wikipedy
Jean Mounet-Sully
Mounet-Sully (Pathé Baby), 1916.

Mounet-Sully (Bergerac, 28 febrewaris 18411916) wie in Frânsk akteur. Hy waard berne as Jean-Sully Mounet: 'Mounet-Sully' (sûnder 'Jean') wie in skûlnamme.

Wurkpaad[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mounet-Sully kaam oan it konservatorium fan Parys doe't er 21 jier wie, dêr krige er al syn earste toanielpriis. Yn 1868 makke er syn debút yn it Odéon, mar dat krige net folle omtinken. De Frânsk-Dútske Oarloch ûnderbruts syn karriêre. It hie net folle skild as hy hie it toaniel ferruile foar it leger, mar dat gie oer doe't er de rol fan Oreste yn Andromaque fan Racine by de Comédie Française krije koe, dat wie yn 1872.

Mounet-Sully troch Georges Lafosse út Le Trombinoscope

Syn optreden en stim en de fûlens fan syn spyljen makken bot yndruk, dat hy waard yn 1874 keazen ta sociétaire. Hy bleau dêrnei foarfêst in wichtich akteur fan de Comédie Française.

Faaks wie syn meast ferneamde rol dy fan Oedipus yn L'Oedipe roi, in Frânske ferzje fan Jules Lacroix fan Sofokles syn drama. It stik waard earst opfierd yn Parys yn it Théâtre-Français (1881) en letter yn it âldromeinsk amfiteater yn Orange (1888). Oare wichtige rollen yn it repertoire fan Mounet-Sully wienen Achilles yn in Iphigenie et Aulide fan Racine, Hippolyte yn Phèdre, de titelrol Hamlet, de titelrollen yn Victor Hugo syn stikken Hernani en Ruy Bla], Francis I yn Le roi s'amuse en Didier yn Marion Delorme.

Hy waard 1889 ridder fan it Légion d'honneur (de heechste en wichtichste Frânske ûnderskieding). Teffens hat er in toanielstikken skreaun, La Buveuse de l'armes (1906) yn 'e mande mei Pierre Barbier, en La Vieillesse de Don Juan.

Hy wie in broer fan akteur Paul Mounet en in goefreon en meioparbeider fan de ferneamde aktrise Sarah Bernhardt mei wa't er op in stuit ek in ferhâlding hie.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Madame Sarah: fan Cornelia Otis Skinner 1966
  • King of Fashion, The Autobiography of Paul Poiret, J. B. Lippincott Company, 1931, ; V&A Publishing, 2009, s. 7