Jean-Martin Charcot

Ut Wikipedy

Gean nei: navigaasje, sykje


Wiki letter w.svg
Dit artikel is in stobbe.
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta.


Jean-Martin Charcot yn it borduere unifoarm fan de Académie des sciences. Hy draacht syn Legioen fan Eare
Jean-Martin Charcot (1825 - 1893) yn in les mei in hystearyske pasjinte, yn it Hôpital de la Salpêtrière.

Jean-Martin Charcot (Parys, 29 novimber 1825 - Morvan, 16 augustus 1893) wie in Franske arts dy't beskôge wurdt as ien fan de grûnlizzers fan de neurology.

Yn't earst oan wie Charcot sikehûsarts mei niget oan senuwsyktes; hy makke it oannimlik dat multiple skleroaze en de sykte fan Parkinson ferskillende syktes wiene. Letter die er ek ûndersyk nei hystearje, dêr't er ûnder oaren hypnoaze foar tapaste. Sa waard Charcot nei syn dea fan ynfloed op de psychiatry en psychoanalyze. In protte fan Charcots kennis waard nammentlik oernommen troch syn studint Sigmund Freud. Ek Alfred Binet, Joseph Babinski en Georges Gilles de la Tourette studearren by Charcot.

[bewurkje seksje] Publikaasjes

  • Sur les divers états nerveux déterminés par l'hypnotisation chez les hystériques, 1882
  • Leçons sur les maladies du système nerveux, 1885-1887
  • Mei Paul Richer, Les Démoniaques dans l'art, Delahaye et Lecrosnier, 1887
  • Mei Paul Richer, Les Difformes et les Malades dans l'art, Lecrosnier et Babé, 1889
  • La foi qui guérit, Félix Alcan, Paris, 1897 Tekst on line

[bewurkje seksje] Keppeling om utens


Commons-logo.svg
Dit materiaal is beskikber fia Wikimedia Commons as Jean-Martin Charcot en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiki-projekten.

Aspekten/aksjes
Persoanlike ynstellings