Javorník

Ut Wikipedy

Javorník of Mohren (Dútsk) is in plakje yn it Reuzenberchte yn it noarden fan Tsjechje. Foar de Twadde Wrâldkriich wie it doarpke in bloeiende mienskip, dy't in eigen tsjerke (Sint Marten) en in skoalle mei mear as 90 bern hie. Yn 1939 wennen der 497 minsken. Nei de Twadde Wrâldkriich binne de bewenners ferdreaun. Neist fêste bewenning wurdt tsjintwurdich in grut part fan de huzen brûkt foar rekreative doelen, ûnder oaren om't inkelde Nederlânners dêr huzen opkocht ha.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]