Jasnaja Poljana
Jasnaja Poljana (Russysk: Ясная Поляна) ('helder iepen plak') wie in bûtenpleats fan Lev Tolstoj, op 12 kilometer ten súdwesten fan de Russyske stêd Toela dêr't de skriuwer berne en begroeven is. Teffens skreau er hjir syn grutte romans Oarloch en Frede en Anna Karenina.
Fuort nei de dea fan Tolstoj waard it hûs ta museum makke. Yn it earstoan hie syn dochter Aleksandra Tolstaja de lieding en ek no noch heart de direkteur ta syn neisieten. It museum hat Tolstoj syn persoanlik besit en syn bibleteek fan 22.000 boeken.
Teffens heart ek de skoalle foar de boerebern en it park ta it museum. Yn de Twadde Wrâldkriich ferôveren de Dútsers de bûtenpleats en Robert H. Jackson ferklearre by it Proses fan Neurenberch dat sy it bûten en it grêf fan Tolstoj ferwoastge hiene. De belangrykste eleminten wienen lykwols dêrfoar al evakuearre troch de sovjetregearing. Nei de kriich waard it bûten op'en nij opmakke oant it like op de tastân fan Tolstoj syn tiid.
[bewurkje seksje] Keppelings
- (ru) Offisjele website (ek yn Ingelsk en Dútsk)
- (ru) Plattegrûn fan it bûten
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Jasnaja Poljana fan Wikimedia Commons. |