Japansk dwerchfleanhoarntsje

Ut Wikipedy
Japansk dwerchfleanhoarntsje
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje iikhoarntsjes (Sciuridae)
skaai fleanende iikhoarntsjes fan de Alde Wrâld (Pteromys)
soarte
Pteromys momonga
Temminck, 1844
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

It Japanske dwerchfleanhoarntsje (Latynske namme: Pteromys momonga; Japansk: ニホンモモンガ, Nihon momonga) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae), de tûke fan 'e fleanende iikhoarntsjes (Pteromyini) en it skaai fan 'e fleanende iikhoarntsjes fan de Alde Wrâld (Pteromys). Dizze soarte komt inkeld foar yn Japan, op 'e eilannen Honsjû, Kjûsjû en Sjikokû, en waard foar it earst wittenskiplik beskreaun yn 1844, troch de Nederlânske soölooch Coenraad Jacob Temminck. It is de neiste sibbe fan it gewoane fleanende iikhoarntsje (Pteromys volans), dat ek yn noardeastlik Jeropa libbet. Likemin as oare "fleanende" iikhoarntsjes kin it Japanske dwerchfleanhoarntsje fleane, mar ynstee sweeft er, troch in hûdflap tusken syn foar- en efterpoaten út te sprieden.

In Japansk dwerchfleanhoarntsje.

Uterlike skaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Japanske dwerchfleanhoarntsje hat trochinoar in kop-romplingte fan 14-20 sm, mei in sturtlingte fan 10-14 sm en in gewicht fan 150-220 g. Dizze soarte wurdt fan "dwerch"-fleanhoarntsje neamd om him te ûnderskieden fan it folle gruttere Japanske reuzefleanhoarntsje (Petaurista leucogenys), dat in gewicht fan 1½ kg berikke kin. It Japanske dwerchfleanhoarntsje hat in pels dy't op 'e rêch griisbrún is en op 'e bealch witich. De earen binne lyts, de eagen grut en de sturt, dy't by it sweven as in soarte fan roer brûkt wurdt, is ôfplatte. Krekt as oare fleanende iikhoarntsjes hat it Japanske dwerchfleanhoarntsje tusken de foar- en de efterpoaten in losse hûdflap sitten, it saneamde patagium, dat er strak lûke kin troch de poaten út te sprieden. Op dy manear kin er genôch luchtdragend fermogen opwekje om fan beam nei beam te sweven.

Hâlden en dragen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Japanske dwerchfleanhoarntsjes libje fral yn mingde wâlden, op 'e legere berchskeanten. It binne nachtdieren, dy't de dei rêstend trochbringen yn hoalen yn 'e beammen. Dêrby lykje se leaver yn leafbeammen ta te hâlden as yn nullebeammen. De hoalen kinne natuerlik foarkomme of it wurk fan spjochten wêze. It Japanske dwerchfleanhoarntsje fret benammen sieden, fruchten, blêden, beamknoppen en skors. Om te iten nimt er in posysje oan wêrby't er ûnderstboppest hinget. Soms foerazjearret er ek op 'e wâldboaiem.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.