Janplesier

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
In Janplesier (charabanc) by Windsor Castle yn 1844.
Motorisearre charabanc, 20er jierren.

In janplesier (of charabanc) wie in yn de 19e ieu populêr iepen reau. It tsjinne yn it foarste plak foar toeristyske útstapkes. De janplesier waard meast lutsen troch twa hynders. Yn in grutte Jan Plesier, mei in fjouwerspan, koene 16 passazjiers mei.

Yn de jierren 1830-39 waard yn Frankryk in iepen wein boud, de "char-à-bancs", dy't simmerdeis fral brûkt waard as hierreau foar tochtsjes bûten de stêd. It type waard yn Ingelân yntrodusearre meidat kening Louis-Philippe der ien meinaam foar keninginne Victoria.

Tusken 1830 en 1930 waarden in protte farianten op de char-à-bancs boud, sa as de de wagonette en de janplesier. By de measten sieten de passazjiers op twa lange banken dy't yn de lingterjochting set wienen. De yngong wie yn sa'n gefal oan de efterkant. Der wiene ek types mei trije dwerssteande banken en efteryn in bankje foar it personeel. De yngong siet dan oan de sydkant. Janplesiers hienen meast houten banken. Soms koe de wein foarsjoen wurde fan in los winterdak.

De janplesier kin beskôge wurde as in foarrinner fan de touringcar.