Jannie Regnerus

Ut Wikipedy

Jannie Regnerus (Aldebiltsyl, 9 septimber 1971) is in Nederlânske fotograaf, filmer en skriuwster.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jannie Regnerus studearre oan de keunstakademy yn Maastricht en letter oan de Ryksakademy yn Amsterdam. Yn 1998 en 1999 wenne en wurke hja twa jier yn Ulaanbaatar, Mongoalje dêr't sy it boek ' De volle maan als beste vriend,' oer skreau. Yn 2000/2001 joech it 'Fonds voor Beeldende Kunsten, Vormgeving en Bouwkunst' har de kâns in jier yn Japan te wenjen en wurkjen. Oer dy Japanske tiid skreau sy ' Het geluid van vallende sneeuw ' dat har de VPRO Bob den Uyl priis 2007 opsmiet.

Regnerus naam diel oan in protte groepstentoanstellingen en hie soloútstallingen yn Amsterdam, Parys en Tokio. Har wurk waard ûnderskieden mei in tsiental stipendia, beurzen en prizen.

Anno 2017 wennet en wurket Regnerus yn Haarlim.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

(ûnfolslein)

Boeken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 2006 - Het geluid van vallende sneeuw. Herinneringen oan Japan
  • 2007 - De volle maan als beste vriend, Herinneringen oan har twa jierren yn Mongoalje
  • 2010 - De ent (romandebút)
  • 2013 - Het lam (roman)
  • 2017 - Nachtdichter (roman, ynspirearre op it dichterskip fan Tsjêbbe Hettinga)
  • 2020 - Het wolkenpaviljoen (novelle)

Foto's[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: