Jane Leeves

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Jane Leeves yn 1995
Leeves by de útrikking fan de Emmy Awards

Jane Leeves (Ilford (Redbridge, Ingelân), 18 april 1961) is in Ingelske aktrise dy't meast bekend is fan har rol as Daphne Moon yn de Amerikaanske koartswilige rige Frasier.

Biografy[bewurkje seksje | edit source]

Leeves waard berne yn it easten fan Grut-Londen en waard grut yn East Grinstead. Sy folge balletlessen en wurke in skoft as model, oant hja yn de film Monty Python's The Meaning of Life as topless ingel ferskynde.

Op 21 desimber 1996 troude se mei Marshall Coben, in manager by CBS Paramount Television. Sy hawwe twa bern, Isabella Kathryn en Finn William. Har suster Katie wennet oars ek yn Súd-Kaliforje mei har bern.

Leeves is befreone mei har Frasier-kollega Peri Gilpin (Roz Doyle); tegearre hawwe se in produksjemaatskippij opset mei de namme Bristol Cities.

Wurkpaad[bewurkje seksje | edit source]

Leeves begûn mei aktearjen yn The Benny Hill Show en hie in lytse rol yn de fideoklip fan "California Girls" fan David Lee Roth, mar har rol yn de sitcom Throb! makke har wat mear bekend.

Se wie gereldwei te sjen yn Murphy Brown, en dat soarge foar har earste wiere súksestiid. Leeves ferskynde as Marla yn fjouwer ôfleverings fan Seinfeld. Yn dy snuorje krige Leeves ek de rol fan Holly yn de Amerikaanske ferzje fan de sciencefictionkomeedzje Red Dwarf.

Fan 1993 ôf heart sy by de cast fan de Amerikaanske televyzjerige Frasier. Sy spilet fysioterapeute/hûshâldster Daphne Moon, út Manchester. Dizze rol makke har ferneamd en populêr. Doe't de searje op in ein rûn hie Leeves in nominaasje foar in Emmy Award hân en wie hja de bêst betelle Ingelske aktrise yn Hollywood.

Leeves ferskynde net in protte mear yn spylfilms, mar liende har stim wol foar in rol yn de animaasjefilm James and the Giant Peach (1996) en hja die mei yn de film Music of the Heart (1999).