Jan Frearks van der Bij

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "Jan van der Bij")
Gean nei: navigaasje, sykje

Jan Frearks van der Bij (Drachten, 4 novimber 1922 - Bartlehiem, 5 maart 2013), wie in Frysk ekspresjonistysk skilder.

Van de Bij krige les fam H. Dijkstra yn Grins. Neist syn deistige wurk as reklameûntwerper ûntwikkele er him as keunstskilder. Hy hearde mei ûnder oaren Klaas Koopmans en Pier Feddema ta de nei-oarlochske eksperimintele groep 'Yn'e Line' (1950-1970). Mei it Fryske lânskip as grutste ynspiraasjeboarne sochten dizze skilders nei in eigen frije foarmetaal. Van der Bij wurke yn it earstoan yn de losse toets en ljochte kleuren fan it ympresjonisme. Begjin jierren fyftich fan de 20e ieu kaam de oergong nei it ekspresjonisme. De kleuren waarden donkerder, de farve waard yn in grutte beweging yn ferheftige streken obrocht. Dit waard fersterke troch de stevige kontoeren dy't hy yn neifolging fan it Flaamse ekspressionisme fan Permeke en De Smet tapaste.

Sûnt de jierren santich keas de skilder foar hieltiten helderder kleuren en in sterk ferienfâldige foarmentaal. Hy wie lid fan It Frysk Palet, in klup fan jonge keunstners, dy't foar eltsenien begryplike keunst makke. Benammen mozaïken en wandskilderingen binne yn Smellingerlân en dêrbûten fan him te sjen, bygelyks beukerskoalle "De Stienpolle".

Op 5 maart 2013 ferstoar Van der Bij yn 'e âldens fan 90 jier yn in fersoargingshûs te Bartlehiem.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes [bewurkje seksje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. "Schilder Jan Frearks van der Bij overleden" Ljouwerter Krante, 6 maart 2013