Jan van Friesland

Ut Wikipedy

Jan van Friesland (eins: Jan Nagel, Ljouwert, 28 novimber 1957) is republikeinsk sjoernalist, skriuwer, redakteur en programmamakker, dy't fan 2010 oant 2015 haadredakteur fan Omrop Fryslân wie.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Van Friesland waard as Jan Nagel berne yn Ljouwert, en groeide op as boeresoan op Groot Orxsma ûnder Minnertsgea. Nei in stúdzje politikology rûn er staazje by it aktualiteiteprogramma Achter het Nieuws, fan 'e VARA, dêr't er de bynamme "Van Friesland" opplakt krige om't by dy omrop al in oare Jan Nagel wurksum wie: de Jan Nagel dy't it politike radioprogramma In de Rooie Haan betocht en mei oaren Leefbaar Nederlân opsette.

Van Friesland studearre ek filosofy en die ûndersyk nei de Italjaanske wiisgear Francesco Carotta. Hy makke in dokumintêre oer Carotta syn teory dat de evangeeljeteksten út 'e boarnen fan it libben fan Julius Caesar komme. Op 2 novimber 2007 wie de premiêre yn Utert fan Van Friesland syn dokumintêre Het Evangelie van Caesar: Zoektocht naar de Ware Christus.[1][2] Dêryn seit de Spaanske kultureel antropolooch Francisco Rodríguez Pascual dat de teory fan Carotta "mooglik" is, en dêrom fan belang as wurkhypoteze.[3] De Ljouwerter klassikus Gerard Janssen is fan miening dat it om in wichtige teory giet, dy't yngreven besjoen wurde moat en in wittenskiplike diskusje wurdich is.[4] Neffens him kinne lju de stap faak net meitsje fan Caesar syn libben nei it evangeelje fan Jezus Kristus.[5] Der ûntstie in soad skriuwerij nei oanlieding fan 'e reportaazje oer it boek fan Carotta. Op syn blog De Jister wurket er ferskate aspekten fan Carotta syn teory fierder út.

Jan van Friesland wurke by ferskate lanlike publike omroppen, lykas de VARA, de VPRO, de NPS, de RVU en de TROS. Yn 2009 kaam er as sjef Binnenlân by de NOS. Hy makke nijsferhalen, mar ek eftergrûnprogramma's. Sa wied er as oprjochter sân jier lang einredakteur fan it programma Buitenhof. Van Friesland wie ek de redakteur fan it Vara-programma Geef Zuid-Afrika een eerlijke kans en wie belutsen by it nei Nederlân heljen fan Nelson Mandela. Hy makke in grut tf-ynterview mei de Roemeenske president Ion Illiescu, yn de neisleep fan de revolúsje yn Roemenië en de eksekúsje fan diktator Ceaușescu.

Yn it ramt fan Buitenhof helle er Michael Gorbatsjov en F.W de Klerk nei de studio en makke in grut live petear mei Desi Bouterse.

Mei theoretysk natuurkundige Wim Rietdijk skreau hy it boek Einsteins God dobbelt niet. Ek makke er mei genetikus Hans Galjaard de tf-rige Alle mensen zijn ongelijk. Foar Achter het Nieuws makke hy de kryst-dokumintêre oer trije monarchen yn ballingskip út it easten: Michaël I fan Roemenië, Alexander II fan Joegoeslavië en Leka Zogu I fan Albanië. Mei Paul Witteman makke er it boek en tf-rige OPGENOMEN - Witteman bij de psychiater. Hy wie einredakteur fan de mei in Nipkowskiif bekroande VPRO tf-rige Adriaan van Dis in Afrika en makke it tf- ferhaal efter de World Press Photo 1991 fan Georges Merillon oer de striid yn Kosovo. Hy betocht de tf-rige Het Zwarte Schaap. Foar de VPRO makke hy Getuige van Verzet oer de likwidaasje yn Utert fan haadkommissaris Gerardus Kerlen troch versetsfrou Truus van Lier. Ek wied er bestjoerslid fan 'e Binnenstadskrant fan Utert. As útjouwer by Utjouwerij Bornmeer wie hy belutsen by de útjefte van Fryske boeken en hy sit yn de Rie fan Advys fan it Frysk Sjongersgala.

Op 1 septimber 2010 waard er oansteld as de nije haadredakteur fan Omrop Fryslân, wêrby't er Hans Snijder opfolge, dy't haadredakteur fan de Ljouwerter Krante waard. Van Friesland soe fjouwer en in heal jier by de Omrop bliuwe, oant er begjin 2015 opfolge waard troch Klaas Geert Bakker. Sûnt in tal jierren is van Friesland belutsen by Climategate.nl as sjoernalist en kolumnist.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. http://www.vanfrieslandfilm.nl/
  2. http://divusjulius.wordpress.com/goc/
  3. http://www.vanfrieslandfilm.nl, 2008, TC 01:08:34–01:09:00: "There was the cult of the sole highest God Jupiter, and then of [Divus] Julius. Therefore [your theory] is possible, and this is your task as researchers. This is very important as a working hypothesis. It closes a gap that has never been heuristically investigated from this angle."
  4. Sjoch syn ynlieding op Plutarchus syn Caesar: Plutarchus Biografieën I: Demosthenes, Cicero, Alexander, Caesar, Ljouwert 2006.
  5. The Gospel of Caesar /tc 00:51:25:11 00:51:30:08 Janssen: I don't think that the great mass of people see anything merciful in Caesar. Well, of course people say that he was a ruthless dictator. We only know Caesar from sources, in which he doesn't appear as benefactor or healer. It's logical that we think of him in old categories, so it's hard to realize that Jesus is connected to Caesar, the great, victorious general. People rather tend to remain stuck inside their old familiar boundaries.