Jan de Haan

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Jan de Haan (Warns, 29 july 1951) is in hjoeddeiske komponist, muzykútjouwer, dirigint en musikus.

Hy spile yn it Nasjonaal Jeugd Fanfareorkest en yn de bekende brassband Pro-Rege út It Hearrenfean fan 1961 oant en mei 1968 tromboane. Syn stúdzjes die hy oan de Muzyk-Pedagogyske Akademy yn Ljouwert yn it fak tromboane fan 1969 o/m 1973. Oanslutend (1974-1976) studearre hy oan it konservatoarium yn Utert by Henk van Lijnschooten HaFa-direksje. Fan 1969 oant 1977 fersoarge hy de koperblazers oplieding oan de muzykskoalle fan it It Hearrenfean.

Dêrnei wurke hy as freelance musikus, dirigint en komponist. Mei de brassband Soli Deo Gloria út Ljouwert krige er nasjonale en ynternasjonale ûnderskiedingen. Hy folge yn jannewaris 1974 Sjoerd Nieuwland op as dirigint fan Soli Deo Gloria. As gastdirigint fan it Radio-Blazersensemble, it NCRV-blazersensemble, NCRV-koperensemble en it Frysk-Orkest waard hy rûnom frege.

By de NCRV-Radio en televyzje makke hy sûnt 1976 ferskate programma's, as U zij de Glorie, Op zoek naar muziek en de 13-dielige searje De geschiedenis van de brassband. By de Nederlandse Federatie van Christelijke Muziekbonden (NFCM) wie hy muzykadviseur en sjuerylid by de hafabra-konserten.

Hy wie dosint direksje oan de Muzyk-Pedagogyske Akademy fan Ljouwert en is eigener fan de ynternasjonaal renommearre muzykútjouwerij "De Haske".

Wurk[bewurkje seksje | edit source]

Wurken foar HaFa-orkesten en brassband[bewurkje seksje | edit source]

  • Leeuwarden Variationen (Ljouwert Fariaasjes) foar fluit en brassband
  • 1981 Fryske Fariaasjes
  • 1983 Partita op in thema fan Johann Christian Bach
    1. Thème
    2. Variation 1
    3. Variation 2
    4. Variation 3
    5. Variation 4
  • 1983 Suite 1500
  • 1983 Choral Varié
  • 1983 Prelude for passiontide
  • 1984 Christmas Fantasy foar koar en harmony- of fanfareorkest
  • 1984 Fünf Intraden (Fiif Intradas)
    1. Intrada
    2. Valerius Intrada
    3. Intrada "Louis Bourgeois"
    4. Intrada foar Kryst
    5. Intrada foar Nijjier
  • 1985 Pastorale - based on a Welsh folk-tune
  • 1985 Sequensen
  • 1986 Fariaasjes foar fluit en harmonyorkest
  • 1986 A Christmas Suite
  • 1986 Kontrasten beynfloede troch de kearnramp fan Tsjernobyl yn 1986
  • 1986 Suite oer Falerius-lieten
  • 1987 Suite 1600 (Pezel)
  • 1987 The young Amadeus
  • 1993 Danses de Fantaisie
  • 1993 A Discovery Fantasy
    1. Introduction
    2. Bolero
    3. Rondeau
    4. Yntermezzo
    5. Finale
  • 1993 Inspirations
  • 1994 Harmony Festival
  • 1995 Banja Luka
  • 1995 Overture to new Age
  • 1996 A Sunrise Impression
  • 1997 Music for a Solemnity A tribute to John Williams
  • 1997 Spanish Tritych
    1. Peñon de Ifach
    2. San Jaime
    3. Sierra de Bernia
  • Victory
  • 2005 Earthquake as ferplichte wurk foar de Nederlânske Brassband Kampioenskippen

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]