Jan Wildens

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Jan Wildens, Winter Lânskip mei Jager, 1624.

Jan Wildens (* Antwerpen, 1585 - † dêre, 1653) wie in Flaamsk lânskipsskilder yn it Antwerpske Sint. Lucasgilde fan 1604 ôf.

Wildens hie yn de lear west by Pieter Verhulst foar't er begûn yn de studio fan Rubens. It is yn dy studio dat er syn meast bekende lânskippen skildere hat. Hy arbeide dêr fan 1616 oant 1620. Yn 1613 makke er in stúdzjereis nei Itaalje. Fan ferskaat wurk fan Rubens hat Wildens de eftergrûn makke. Dêrjonken wurke er ek foar ferskillende oare keunstners, sa as:

De earste lânskipseftergrûnen foar Momper en Brueghel wiene skildere út fûgelperspektyf wei. Mei troch Italjaanske ynfloeden en it wurk yn de studio fan Rubens feroare dat stadichoan yn in leger perspektyf en waarden de kleuren mear dôver. De ynfloed fan Rubens is ek werom te finen yn eleminten as boeretaferielen en grutte beammen. Wildens stoar yn 1653 yn Antwerpen.