Jan Teulings

Ut Wikipedy
Jan Teulings
akteur
Jan Teulings as Maigret (1966)
Jan Teulings as Maigret (1966)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Johannes Marinus Antonius Teulings
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 29 maaie 1905
berteplak Hilversum
stoarn 22 septimber 1989
stjerplak Rotterdam
jierren aktyf 1936-1989

Johannes Marinus Antonius (Jan) Teulings (Hilversum, 29 maaie 1905 - Rotterdam, 22 septimber 1989) wie in Nederlânsk akteur en filmregisseur.

Nei de MULO krige Teulings ûnderrjocht yn keunstskiednis en literatuer fan Wijnand Frans. Fia Frans krige er kontakt mei it selskip De Rotterdammers fan Louis Chrispijn dêr't er yn it seizoen 1923/1924 syn debút op de planken makke. Hoewol't er dêrnei by in protte selskippen optrede, kaam er earst mids jierren tritich echt op 'e gleed. Hy bleau tonielspyljen oant er yn 1977 nei Switserlân ferfear. Dêrnei hat er folle mear op de planken stien.

Teulings waard it meast bekend fan syn protte optredens foar telefyzje, yn searjes en spullen. Yn de jierren 1967-1969 spile er tolve kear de rol fan ynspekteur Maigret yn 'e telefyzjerige mei deselde namme (dy rol waard earder spile trochge Kees Brusse). Fierder wie er te sjen yn hast alle searjes fan regisseur Willy van Hemert. Yn de jierren tachtich spile er syn lêste rollen yn bewurkings fan ferhalen fan Herbert Reinecker. Teulings stoar yn de âldens fan 84 jier en waard kremearre yn Rotterdam.

Yn Amstelfean is in loane nei him neamd: de Jan Teulingslaan.

Telefyzje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Filmografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Filmografy as akteur
jier titel rol of funksje opmerkings
films
1936 Lentelied Frans Vermeer
1936 Klokslag twaalf
1937 De drie wensen Tino Murante, Maria's freon
1950 De Dijk is Dicht Simon
1955 Ciske de Rat Henri - freon fan Mem
1958 Dorp aan de rivier Boargemaster
1960 Makkers Staakt uw Wild Geraas De hear Keizer
1964 Les plus belles escroqueries du monde Nederlanner
1966 De dans van de reiger Heit fan Edouard
1972 Jonny en Jessy Jonny's omke
1975 Heb medelij, Jet! Omke

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]